thumb|right|300px|It logo fan www.itnijs.frl

Itnijs.frl is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB). Dy fynt dat der yn in folwoeksen taal, lykas it Frysk, nijs te lêzen wêze moat dat oeral wei komt, net allinnich út Fryslân, mar út de hiele wrâld.

Algemien It Frysk hat him de lêste desennia ûntwikkele ta in folsleine kultuertaal, mar bûten Omrop Fryslân wurdt dy yn de nijsmedia noch hieltyd net folle brûkt, wylst it hiel gewoan wêze moatte soe dat minsken yn Fryslân it nijs yn de eigen taal oanbean krije neffens de RfdFB. Minsken yn Fryslân binne wend dat de kranten it Nederlânsk brûke en net mear as sa út en troch in stikje yn it Frysk, Stellingwerfsk, Biltsk of it Stedsk opnimme, as it oer dy talen giet of as immen oanhelle wurdt dy’t sa’n taal praat.

Om it Frysk yn de media in better plak te jaan, hat de Ried fan de Fryske Beweging yn 2009 ItNijs.nl opset, de earste folslein Frysktalige nijsside dy’t him net beheint ta de regio en saken dy’t mei de eigen taal anneks binne. Likegoed biedt de side aktualiteiten op it mêd fan Fryslân, Friezen en it Frysk. Mar dêrnjonken is der spesjaal omtinken foar de oare Fryslannen en foar talen en minderheden rûnom yn de wrâld. Fierders kinne winliken alle ûnderwerpen oan bar komme, al moat de lytse redaksje alle dagen wer in beheinde kar meitsje út it grutte nijsoanbod.

Persoanen efter It Nijs De redaksje fan It Nijs wurket yn dieltiid en mei frijwilligers, dy't yn 'e lijte te wurk gean. It is net dúdlik hoefolle minsken wat bydrage en wa yn 'e redaksje sitte. Yn 2016 is bekend wurden dat Jan Breimer in redaksjelid fan It Nijs is.https://www.itnijs.frl/2016/06/doch-mei-oan-undersyk-nei-fernederlansking-fan-frysk/#comments Redaksje Jan Breimer Breimer is fan 2005-2011 ek einredakteur west fan Swingel, in oare útjefte fan 'e RfdFB.https://issuu.com/fryskebeweging/docs/swingel33 Swingel 33, s.3 Hy kombinearret it wurkjen foar It Nijs mei redaksjewurk foar it moanneblêd Frijbûtser fan de politike partij FNP.http://www.fnp.frl/frysk/organisaasje-en-leden/partijbled-de-frijbutser/ Frijbûtser redaksje Breimer hat eins in muzikale eftergrûn, en is ko-redakteur fan it Lieteboek fan 'e Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst.https://issuu.com/fryskebeweging/docs/swingel33 Swingel 33, s.4: "Jan Breimer is in muzykman"http://www.liedboek.nl/actueel/presentatie-lieteboek Jan Breimer - Lieteboek (2015) Henk Wolf is kollumnist foar It Nijs op taalkundich mêd.

Krityk De stikken wurde anonym, meastal sûnder it neamen fan boarnen, ûnder redaksjenamme pleatst, sadat it net dúdlik is oft it in produkt fan profesjonele of boargersjoernalistyk oanbelanget. Op it webloch fan skriuwer Cornelis van der Wal wurdt It Nijs regelmjittich amateurisme ferwiten en hikkele.http://www.wegmetderandstad.nl/wordpress/?tag=it-nijs It Nijs op bloch Cornelis van der Wal FNP-riedslid Jochum Meester hat yn 2014 klage oer it hieltyd bringen fan ûnkrektheden, en net rektifisearjen.http://www.itnijs.frl/2012/05/sp-yn-aksje-yn-skarsterlan/#comments Opmerking J. Meester oer It Nijs Blogger Daam de Vries hat It Nijs yn 2012 in 'koppypeestmasine' neamd, en har derfan beskuldige reäksjes te sensurearjen.http://webdok.nl/?p=2529 Daam de Vries: "Sensuer by de djipfriezen" Alle artikels binne noch werom te lêzen. Yn 2015 stienen der 15.000 berjochten op ItNijs.frl. http://www.itnijs.frl/2015/03/15-000-berjochten-op-it-nijs

Keppelings om utens It Nijs

Kategory:Media yn Fryslân Kategory:Frysk Kategory:Fryske krante Kategory:Frysktalige krante Kategory:Frysktalich online-tydskrift Kategory:Krante of tydskrift oprjochte yn 2009 Kategory:Nederlânske nijswebside Kategory:Frysktalich webstee Kategory:Webstee oprjochte yn 2009