Henk Bloemhoff (Aldeberkeap, 1948) is in taalkundige dy't spesjalisearre is yn de morfology en fonology fan it Stellingwerfsk. Hy is benammen bekend as streektaalfunksjonaris fan it Stellingwerfsk by de Stellingwarver Schrieversronte en trochdat hy yn gearwurking mei oaren (ûnder oare Sietske Bloemhoff) it Stellingwerfsk Wurdboek makke hat. Fierders hat Bloemhoff noch in protte oare taalkundige en dialektologyske publikaasjes op syn namme stean, wêrûnder:

Taal in stad en land - Stellingwerfs (Sdu Utjouwers, 2002) Taal in stad en land - Drents (mie de Drintske literatuerhistoarikus Henk Nijkeuter, Sdu Utjouwers, 2004). Handboek Nedersaksische Taal- en Letterkunde redakteur mei oaren (Van Gorcum, 2008).

Underskieding Op 5 april 2012 waard Bloemhoff beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau, dat barde by it 40-jierrich jubileum fan de Stellingwarver Schrieversronte yn Noardwâlde.

Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Frysk boekeredakteur Kategory:Frysk publisist Kategory:Dialektwurdboekskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Stellingwerfsk Kategory:Nedersaksysk taalaktivist Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Stellingwerfsk persoan Kategory:Persoan berne yn Aldeberkeap Kategory:Persoan berne yn 1948