thumb|200px|Peter Paul Rubens Peter Paul Rubens (Siegen, 28 juny 1577 – Antwerpen, 30 maaie 1640) wie in keunstskilder, tekener en diplomaat, warber yn Antwerpen, en is sûnder mis de populêrste master út de Barok-perioade. Hy wurdt ek wol Pieter Paul, Pieter Pauwel of Petrus Paulus neamd.
Rubens skildere yn in golle Barokke styl dy't de klam lei opbeweging, kleur en gefoeligens. Hy is fermeamd om syn Kontrareformaasje alterstikken, portretten, lânskippen en histoarjestikken mei mytologyske en allegoryske ûnderwerpen.
Styl De styl fan Rubens is sekuer te omskriuwen, hy hearde ommers ta de Antwerpske Skoalle út de iere 17e iuw. Rubens' oeuvre wurdt skaaimerke troch de triomfearjende kontrareformatoaryske barok. Rubens is nei alle gedachten de wichtichste fertsjintwurdiger fan de Flaamske barok, alhoewol't er dúdlik Italjaanske ynfloed ûndergien hat. Guon fan syn portretten hawwe wol wat fan it absolutisme, mar in protte eks-voto's bliuwe dochs trou oan harren Flaamske aard.
Rubens krige in goede oplieding en wie in betûft fakman. Alles waard yn detail taret, in soad stúdzjes yn oaljeferve en tekeningen tsjûgje dêrfan. Ut de detaillearre sketsen dy't bewarre bleaun binne docht bliken dat Rubens syn wurk yn fasen ôfwurke.
Rubens mocht graach foarske froulju skilderje. De term 'Rubenesque' en 'Rubensiaansk' is algemien tapast wurden foar wieldrige, foarske froulju.
Learlingen Godfried Maes David Teniers de Alde Antoon van Dyck
Galery
Musea mei wurk fan Rubens Belgje en Nederlân: Rubenshûs, Antwerpen Mauritshûs, Den Haach Musea voor Schone Kunsten te Antwerpen, Gint en Brussel
Bûtenlânske musea: Wallraf-Richartz-Museum, Keulen, Dútslân Alte Pinakothek, München, Dútslân Fine Arts Museums of San Francisco, San Francisco, Feriene Steaten Kunsthistorisches Museum Wien en it Liechtenstein Museum, Wenen, Eastenryk It Louvre, Parys, Frankryk Nasjonale galery, Praach, Tsjechje Museo del Prado, Madrid, Spanje National Gallery, Londen (It oardeel fan Parys), Feriene Keninkryk Hermitage, Sint-Petersburch, Ruslân Uffizi, Firenze (Itaalje)
Fierder lêze Heinen, Ulrich, "Rubens zwischen Predigt und Kunst." Weimar 1996. Büttner, Nils, Herr P. P. Rubens. Göttingen 2006. Corpus Rubenianum Ludwig Burchard. An Illustrated Catalogue Raisonne of the Work of Peter Paul Rubens Based on the Material Assembled by the Late Dr. Ludwig Burchard in Twenty-Seven Parts, Redigearre troch it Nationaal Centrum Voor de Plastische Kunsten Van de XVI en de XVII EEUW.* Lilar, Suzanne, Le Couple (1963), Paris, Grasset; Reedited 1970, Bernard Grasset Coll. Diamant, 1972, Livre de Poche; 1982, Brussels, Les Éperonniers, ISBN 2-87132-193-0; Translated as Aspects of Love in Western Society in 1965, by and with a foreword by Jonathan Griffin, New York, McGraw-Hill, LC 65-19851. Vlieghe, Hans, Flemish Art and Architecture 1585-1700, Yale University Press, Pelican History of Art, New Haven and London, 1998.
Keppelings om utens
Stúdzjesintrum Rubianum Feitebank Flaamske kolleksjes Rubensonline
Kategory:Súdnederlânsk keunstskilder (foar 1830) Kategory:Súdnederlânsk tekener (foar 1830) Kategory:Súdnederlânsk diplomaat (foar 1830) Kategory:Flaamsk keunstskilder Kategory:Flaamsk tekener Kategory:Flaamsk diplomaat Kategory:Dútsk keunstskilder Kategory:Dútsk tekener Kategory:Dútsk diplomaat Kategory:Dútsk persoan fan Flaamsk komôf Kategory:Barok Kategory:Persoan berne yn 1577 Kategory:Persoan stoarn yn 1640