It Slowaaksk is in taal yn it skift fan de West-Slavyske taalgroep.

Der binne sa likernôch 6 miljoen minsken dy't de taal prate, foar it grutste part yn Slowakije, dêr't it de offisjele lânstaal is. Sa'n 1 miljoen emigranten yn Noard-Amearika prate Slowaaksk. Lytse taalgroepen binne der yn Hongarije, Roemeenje, Servje. Sûnt Slowakije lid is fan de Europeeske Uny is it Slowaaksk ien fan de offisjele wurktalen fan de EU. It Slowaaksk is nau besibbe oan it Tsjechysk, en yn mindere mate oan it Poalsk. It Slowaaksk wurdt skreaun mei it Latynske alfabet.

Namfallen It Slowaaksk hat sân namfallen: nominatyf genityf datyf akkusatyf fokatyf lokatyf ynstrumintalis

Keppeling om utens

Kategory:Slowaken Kategory:Slavyske talen Kategory:Taal yn Slowakije Kategory:Taal yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Taal yn Eastenryk Kategory:Taal yn Hongarije Kategory:Taal yn Kroaasje Kategory:Taal yn de Oekraïne Kategory:Taal yn Poalen Kategory:Taal yn Roemeenje Kategory:Taal yn Ruslân Kategory:Taal yn Servje Kategory:Taal yn Tsjechje