Sytze van Abbema (Skettens, 3 septimber 1887 - Lollum, 14 oktober 1968) wie skoalhaad yn Lollum, eareboarger fan Wûnseradiel en Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.

Van Abbema wie lid fan Provinsjale Steaten (1939-1941) foar de ARP en lid fan it kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân (1950-1962). Hy stie bekend om syn heitlike mar faak koartswilige wize fan sprekken, dêr't de skoalmaster yn him oan te fernimmen wie.

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk politikus Kategory:ARP-politikus Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk deputearre Kategory:Frysk konservatyf Kategory:Persoan berne yn Skettens Kategory:Persoan stoarn yn Lollum Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1887 Kategory:Persoan stoarn yn 1968