thumb|right|Rommert Casimir Rommert Casimir (Kollum, 29 septimber 1877 - Voorburg, 13 maart 1957) wie in Nederlânsk opfiedkundige en ûnderwiisfernijer.

Biografy Syn heit, in bakjerinder, ferstoar doe't hy in heal jier âld wie, mar tanksij syn mem en âldere bruorren, wêrûnder de lettere arsjitekt Bonne Kazemier, koe hy in oplieding oan de gemeentlike kweekskoalle yn Grins folgje. Hy wie dêrnei ûnderwizer en learaar oan de kweekskoalle en studearre wyls wiisbegearte en psychology oan de Ryksuniversiteit Grins (doktoraal yn 1910).

Yn 1906 gie hy nei De Haach om, mei op foarspraak fan Jan Ligthart, de stifting fan in nij soarte skoalle ta te rieden. Yn 1909 kaam dizze skoalle, it Nederlandsch Lyceum ta stân. Casimir bleau oant 1930 rektor fan dit earste lyseum yn Nederlân. Fan 1918 oant 1947 wie er bysûnder heechlearaar yn de opfiedkunde oan de Ryksuniversiteit Leien, fan 1935 oant 1947 teffens bysûnder heechlearaar yn de empiryske psychology.

Casimir wie fan hûs út grifformeard, mar waard al jong remonstrant omdat hy net yn de predestinaasje leauwe woe. Poliyk besjoen hearde hy ta it Frijsinnich Demokratysk Bûn, wêryn't er lykwols nea in publike funjksje ferfolde. Hy skreau in grut oantal artikels oer ûnderwiis en opfieding, mar ek oer oare ûnderwerpen, wêrút in grutte ensyklopedyske kennis blykt. In oantal fan dizze artikels is bondele en dêrtroch noch altiten beskikber. Mei Jozef Emiel Verheyen redigearde hy de Pedagogische Encyclopedie. Yn 1950 krige hy in earedoktoraat fan de Ryksuniversiteit Gint.

Ferneamd It Rommert Casimir Institute of Developmental Psychopathology from a Cultural and Educational Perspective oan de Ryksuniversiteit Leien is nei him ferneamd, krektas inkele legere en middelbere skoallen.

Rommert Casimir wie de heit fan de natuerkundige Hendrik Casimir, ûnder mear de ûntdekker fan it Casimir effekt.

Seleksje út it wurk fan Rommert Casimir Lessen in letterkunde, Kluwer, Dimter, 1909 Beknopte geschiedenis der wijsbegeerte, Wereldbibliotheek, Amsterdam, 1910 Zelf aan 't stuur : een bundel toespraken, Ploegsma, Swol, 1916 Wij en de wereld, Becht, Amsterdam, 1927 Opbouw : een bundel verzamelde opstellen, Wolters, Grins, 1927 Langs de lijnen van het leven, Becht, Amsterdam, 1927 Het Nederlandsch Lyceum van 1909 tot 1934, Wolters, Grins, 1934 Voor school en leven : verzamelde opstellen van R. Casimir

Sjoch ek Cazemier, famylje

Kategory:Frysk pedagooch Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk filosoof Kategory:Frysk psycholooch Kategory:Frysk publisist Kategory:Nederlânsk pedagooch Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk filosoof Kategory:Nederlânsk psycholooch Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Kollum Kategory:Persoan berne yn 1877 Kategory:Persoan stoarn yn 1957