Auke Cornelis Sonnega (Ljouwert, 9 maart 1910 - De Haach, 10 desimber 1963) wie in Frysk keunstner, dy’t foaral bekend wie fan de skilderijen dy’t er makke yn Nederlânsk-Ynje, op de eilannen Baly en Java. In grut part fan syn libben hat er tahâlden yn Ynje. Yn 1957 kaam er werom yn Nederlân. Nei syn dea yn 1963 waard er al gau fergetten. Fan kritisy ferwiten him dat syn wurk te 'kleurryk en dekoratyf' Artikel yn Trouw, 28 septimber 2000 wie. It Frysk Museum hat him earje wollen mei in útstalling fan sa’n 60 tekeningen en skilderijen yn 2000.

Auke Sonnega hie in oplieding ta tapyt- en tekstylûntwerper, en gie yn 1935 nei it doetiidske Ynje. Sonnega wie yn’t earstoan warber as ûntwerper yn Batavia. Letter reizge er oer Java en Bali en makke reisferhalen foar pleatslike kranten. Troch syn kennis en ûnderfining mei lân en folk besleat Sonnega him hielendal ta te lizzen op tekenjen en skilderjen. Op Baly wiene dûnsers en portretten fan jonge manlju en jonge froulju syn wichtichste ûnderwerpen.

De Jeropeanen Walter Spies en Rudolf Bonnet yntrodusearren westerske tema’s en techniken op Baly (under oaren it portret). Harren wurk wie fan grutte ynfloed op dat fan Auke Sonnega.

It Frysk Museum woe rjocht dwaan oan Sonnegea en eksposearre yn 2000 goed sechstich fan syn tekeningen en skilderijen.

Keppelingen om utens Priuwke fan Sonnegas wurk Sonnega by artnet.com

Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk tekener Kategory:Frysk reisferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk tekener Kategory:Nederlânsk reisferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1963