thumb thumb|stânbyld Hendrik Tollens Henricus Franciscus Caroluszoon (Hendrik) Tollens (Rotterdam, 24 septimber 1780 - Rijswijk, 21 oktober 1856) wie in Nederlânsk dichter, waans âlden út Gint kamen. Hy wie by syn libben tige populêr.

De krityk fan de Tachtigers hat der yn in pear jier ta laat dat Tollens syn ferneamdens yn mar in pear jier kwytrekke. Syn wurk waard net mear printe en yn skoalboeken waard er trochsnee alinne neagatyf besprutsen.

Earst ein 20e iuw naam it omtinken foar Tollens wer wat ta. Men seach yn dat syn wurk wol kultuerhistoarysk belang hat, it wie essensjeel foar in goed byld fan it 19e-iuwske Nederlân. Dêrneffens skriuwe ensyklopedyen en skoalboeken tsjintwurdich minder polemysk oer syn wurk as earder it gefal wie.

Bibliografy 1799 - Proeve van sentimenteele geschriften en gedichten 1800,1802,1805 - Proeve van minnezangen en idyllen (trije stikken) 1801 - Nieuwe verhalen 1802 - Dichtlievende mengelingen 1803 - Tuiltje van geurige dichtbloemen, op Franschen bodem geplukt 1805 - Lukretia of de verlossing van Rome 1806 - De Hoekschen en Kabeljaauwschen 1808-1815 - Gedichten 1809 - Jubelzang voor de Maatschappij tot Nut van 't Algemeen (útjûn yn 1813) 1817 - Volkslied Wien Neerlands bloed 1818-1819 - Romancen, balladen en legenden, 2 stukken 1820 - De overwintering der Hollanders op Nova Zembla 1821,1828 - Nieuwe gedichten 1828 - Avondmijmering 1832 - Liedjes van Matthias Claudius - sjoch Matthias Claudius 1839 - Dichtbloemen, bij de naburen geplukt 1840 - Verstrooide gedichten 1848,1853 - Laatste gedichten 1855 - Nalezing

Literatuer Hendrik Tollens: de dichter van de burgerij, een biografie en een tijdbeld. - Rotterdam: Nijgh & van Ditmar, 1972 : Tollens en zijn tijd: een proeve van levensbeschrijving. - Tiel: van Wermeskerken, 1860

Kategory:Nederlânsk keapman Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Patriot Kategory:Nederlânsk persoan fan Flaamsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1780 Kategory:Persoan stoarn yn 1856