thumb|Johannes Bernhard Schepers Johan Bernard Schepers (It Hearrenfean, 15 augustus 1865 - Haarlim, 10 july 1935) wie in histoarikus en letterkundige.
Schepers wie soan fan in húsdokter. Hy wenne fan syn fjirde oant syn tolfte jier yn Grou en kaam doe te wenjen by syn beppe yn Grins. Hy wie learling fan master (en folksskriuwer) Cornelis Wielsma en studearre literatuer en skiednis te Grins, dêr't er kunde krige oan Pieter Jelles Troelstra dy't him oantrune om ek yn it Frysk te dichtsjen. Hy wie sûnt 1895 oant syn pinsjoen learaar yn Haarlim.
Schepers dichte yn it Frysk en Nederlânsk en krewearre foar staveringsherfoarming fan it Frysk én Nederlânsk. Sa'n trijehûndert ferzen fan him binne publisearre yn de tydskriften as 'It Heitelân' en De Nieuwe Gids.
Keppeling om utens J. B. Schepers by de DBNL, oersjoch wurk Werom sjen op Schepers by de DBNL
Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk letterkundige Kategory:Frysk dichter Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk letterkundige Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1865 Kategory:Persoan stoarn yn 1935