Planoise is in stedsgebiet yn it westlik part fan it arrondissemint Besançon yn it Frânske departemint Doubs. Yn 'e stêd wenje likernôch 21.000 minsken. Sûnt de jierren 1960 groeide it oarspronklike lânboudoarp fan noch gjin 100 ynwenners út ta in stedswyk mei heechbou en grutstedske ferfal.
Skiednis Sûnt de Midsiuwen wie it gebiet hast ûnbewenne. Planoise waard foar it earst fermeld yn 1435; it wie in boeredoarp. Op de hichte fan Planoise waard yn 1880 in fort iepene dat mei syn kanonnen de wei en de spoarline nei Besançon beskermje moast. Oan it begjin fan 'e 20e iuw waarden der in soad pleatsen byboud. Foaral de bou fan jirpels wie wichtich. De twa wrâldkriegen hiene net in soad ynfloed op Planoise. Oan 'e ein fan 'e jierren 1950 waard Planoise oantsjut as in nij stedsgebiet fan Besançon. De stêd hie te krijen mei in grutte wenningneed foar de hurd groeiende befolking en nije gebieten waarden oanwiisd om de histoaryske binnenstêd te beskermjen tsjin heechbou. thumb|left|Île-de-France.] Yn 1965 waard úteinset mei it wurk en yn 1968 ferhuzen de earste minsken nei de wyk. Yn 1970 waarden de earste winkels boud, en yn 1972 waard de tsjerke fan Planoise boud. Dy tiid wie de "gouden iuw" fan Planoise. Mar noch foar de ein fan 'e jierren 1970 kaam der krityk op 'e bou fan 'e heechbou yn Planoise lykas Les Époisses en Île-de-France. Yn in nije faze waard it sintrum boud op in lytsere skaal.
Befolking Yn 1977 hie Planoise likernôch 12.000 ynwenners en yn 2011 wie dat oantal al oangroeid oant hast 21.000 ynwenners.
In grut part fan 'e ynwenners fan Planoise hat in migraasje-êftergrûn. 31,4% fan 'e befolking bestiet út ymmigranten, fral út 'e Magreblannen. De wurkleazens en de earmoede binne heech.SIG Ville
Sosjale problematyk Planoise is in tige kwetsbere wyk en yn Frankryk offisjeel oanwiisd as in QRR (Quartier de reconquête républicaine) — in maatskiplik gefoelige kwetsbere wyk.
Sûnt ein 2019 is Planoise it toaniel fan in gewelddiedige striid tusken rivalisearjende drugsbendes om de kontrôle oer 'e dealpunten yn Planoise. Njonken sjitpartijen wurde auto's yn 'e brân stutsen om tsjinstanders, tsjûgen of de plysje te yntimidearjen. thumb|left|Opskuor yn Planoise yn 2023. Lykas yn in soad oare Frânske banlieues brekke yn Planoise geregeldwei rellen út nei ynsidinten mei de plysje. Yn 2023 sloech nei in ynsidint yn Nanterre de flam oer yn Planoise mei nachten fan swiere fernielings, it yn 'e brân stekken fan auto's en it bekûgeljen fan 'e brânwar.
Yn guon Frânske foarstêden is it hjoed-de-dei 'tradysje' wurden om it nijjier te begjinnen mei it yn 'e brân stekken fan auto's.
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Plak yn Boergonje-Franche-Comté