Stockholm280px Lokaasje yn Jeropa center|80px center|120px Tiid sône : UTC +1/Simmer UTC 0 Flagge Wapen center|90px|Flagge fan Stockholm center|60px|Wapen fan Stockholm BasisynformaasjeGebiet 215 km² StêdTal ynwenners 795.000 StêdTal ynwenners km² 4160 km² Stêd RegearLân Sweden 25pxKonstituint lân SwedenRegio Administrative yndieling Boargemaster Kristina Axén OlinPolitike partijen Webside http://www.stockholm.se Stockholm of Stokholm——, De Bosatlas van Fryslân, Grins, 2009 (Noordhoff Atlasproducties), ISBN 978-9 00 17 79 047, side 180. (Sweedsk: Stockholm) is de haadstêd fan Sweden; de stêd hat likernôch 743.000 ynwenners.
Stockholm leit oan de eastkust fan Sweden, dêr't de útrin fan de Mälarmar útkomt by de binnenste eilannen fan de skearenkust fan de Eastsee.
Stockholm is de grutste stêd fan Sweden, en foarmet in gemeente op himsels. De stêd is it sintrum fan in stêdekloft mei likernôch 1,82 miljoen ynwenners. Stockholm is de sit fan it regear fan Sweden en it wenplak fan de kening, Karel XVI Gustaaf.
Ut de skiednis thumb|left|Omkriten Stockholm 3 000 f.Kr. thumb|left|Wetterstannen troch de iuwen hinne Stockholm wurdt foar it earst yn 1252 yn in geskrift neamd. De namme komt fan de gearstelling stock (blok hout) en holm (eilantsje) en stiet foar it Gamla Stan fan no. Guonts miene dat de stêd stifte is troch Birger Jarl, om Sweden te beskermjen tsjin oanfallen út see wei.
De strategyske lizzing (tagong fan it Mälarmar) soarge derfoar dat Stockholm de wichtichste stêd fan it lân waard, benammen yn de striid om de ûnôfhinklikens tsjin Denemark. Yn 1600 hie de stêd 10.000 ynwenners en yn 1680 wiene dat al 60.000 ynwenners. Earst yn 1634 waard Stockholm de offisjele haadstêd fan it Sweedske Ryk. Tusken 1713 en 1714 hearske de Swarte Dea yn de stêd, dy't in protte deaden fan gefolgen hie. Neist de befolkingsgroei heakke doe ek de ekonomyske ûntjouwing.
In de twadde helte fan de 19e iuw kaam de yndustry op en waard Stockholm fannijs de meast wichtige stêd fan it lân. Yn de 20e iuw krige de namme Stockholm klank yn de wrâld as sintrum fan arsjitektuer en moderniteit. De stêd bloeide en waard tige útboud yn ferskate rjochtingen, ûnder it Miljoeneprogramma. Bygelyks Rinkeby, Sollentuna en Tensta, mei in grut part ymmigranten, binne doe ûntwikkele. Noch hieltyd is Stockholm ien fan de meast hurd waaksende (haad)stêden fan Jeropa.
Demografy Yn de gemeente sels wenje sa'n 770.000 minsken, yn de Stockholmske agglomeraasje 1,8 miljoen minsken, wat delkomt op likernôch 20% fan de hiele Sweedske befolking. Foaral yn de bûtenwiken (sa as Rinkeby, Skärholmen en Tensta) wenje in soad minsken mei in útlânske eftergrûn. Sy komme meast út it Heine Easten, East-Afrika en East-Aazje.
It ynwennertal fan Stockholm troch de iuwen hinne: Jier Stockholm Sweden Part2005 771.038 9.047.752 8,5%2000 750.348 8.882.792 8,4%1995 711.119 8.837.496 8,0%1990 674.452 8.590.630 7,9%1985 659.030 8.358.139 7,9%1980 647.214 8.317.937 7,8%1970 740.486 8.091.782 9,2%1960 808.294 7.500.161 10,8%1950 744.143 7.041.829 10,6%1940 590.503 6.371.432 9,3%1930 502.213 6.142.191 8,2%1920 419.440 5.904.489 7,1%1910 342.323 5.522.403 6,2%1900 300.624 5.136.441 5,9%1850 93.070 3.482.541 2,7%1800 75.517 2.347.303 3,2%1750 60.018 1.780.678 3,4%
Berne yn Stockholm
thumb|250px|Kaart fan in part fan Stockholm, 1910, út de ensyklopedy Nordisk familjebok Franz Berwald (23 july 1796), komponist, muzykpedagooch en fioelist Alfred Nobel (21 oktober 1833), Sweedsk yndustrieel († 1896) August Strindberg (22 jannewaris 1849), Sweedsk auteur († 1912) Greta Garbo (18 septimber 1905), Sweedske aktrise († 1990) Lennart Bernadotte (8 maaie 1909), prins fan Sweden († 2004) Erik Elmsäter (7 oktober 1919), atleet Brita Borg (10 juny 1926), sjongster en aktrise († 2010) Beppe Wolgers (10 novimber 1928), Sweedsk akteur, skriuwer, komponist en regisseur († 1986) Keke Rosberg (6 desimber 1948), Finsk autokûreur Lena Olin (22 maart 1955), aktrise Björn Borg (6 juny 1956), tennisser Martin Adler (30 oktober 1958), kameraman, sjoernalist en misdiedslachtoffer († 2006) Yngwie Malmsteen (30 juny 1963), gitarist Jan-Ove Waldner (3 oktober 1965), tafeltennisser Patrik Ringborg (1 novimber 1965), dirigint Stefan Rehn (22 septimber 1966), fuotballer en fuotbaltrener Marcus Schenkenberg (4 augustus 1968), fotomodel, akteur, skriuwer, sjonger en telefyzjepersoan. Alexander Skarsgård (25 augustus 1976), akteur en regisseur Thomas Enqvist (13 maart 1974), tennisser Johanna Sällström (30 desimber 1974-2007), aktrise Jonatan Johansson (16 augustus 1975), Finsk fuotballer Louise Jöhncke (31 juli 1976), Sweedsk swimster Therese Alshammar (26 augustus 1977), Sweedsk swimster Robyn (12 juni 1979), Sweedske sjongster Katja Nyberg (24 augustus 1979), Noarsk hânbalster Ellen Fjæstad (11 februari 1986), Sweedsk aktrise
Ferienings Stockholm is ûnder oaren it thúsplak fan sportferiening AID, mei de fuotbalôfdieling AIK Fotboll, ien fan de grutste fuotbalferienings yn Sweden.
Eveneminten Yn 'e twadde helte fan novimber wurdt yn Stockholm elts jier it Ynternasjonaal Filmfestival fan Stockholm holden.
Kategory:Plak yn Sweden Kategory:Haadstêd yn Jeropa Kategory:Stockholms län