Roemeenje is in lân yn East-Jeropa. De haadstêd is Bûkarest en de presidint fân de republyk is sûnt 2004 Traian Băsescu. De foarm fan it lân liket op dy fan in platfisk, mei de bek nei it westen rochte. Dit byld koe symboal stean foar de posysje fan Roemeenje yn Jeropa. Waard de haadstêd Bûkarest eartiids al lyts Parys neamd en naam Roemeenje yn de tiid fan it Sovjetrezjym al in apart plak yn it Eastblok yn. Hjoed de dei is Roemeenje lid fan de Jeropeeske Uny.
Geografy De smelle stripen yn it westen en it easten binne leechlân. Yn it geografyske midden leit de heechste berch fan Roemeenje, de Moldoveanu (2,544 m), dêrboppe leit it berchgebiet fan de Karpaten. De grutste rivier fan Roemeenje is de Donau, dy't 1.075 km troch Roemeenje streamt. De Donau is foar in grut part de súdgrins fan Roemeenje.
Roemeenje wurdt begrinzge troch: Oekraïne yn it noarden; Moldaavje yn it noardeasten; de Swarte See yn it easten; Bulgarije yn it suden; Servje yn it súdwesten; Hongarije yn it westen.
Skiednis
Roemeenje focht yn de Twadde Wrâldkriich oan 'e kant fan Nazi-Dútslân mei en wie de wichtichste oaljeleveransier foar de Dútsers. Under it hurde bewâld fan diktator Nicolae Ceauşescu wie Roemeenje in satellytsteat fan de Sowjetuny wilens de Kâlde Kriich. Yn 1989 waarden Ceauşescu en dy syn frou eksekutearre troch it folk dat yn ferwar tsjin it regear kaam. Yn 1992 waarden de earste frije ferkiezings holden.
Ekonomy BYP per persoan is $11.100 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 7,9% lânbou, 35,6% yndustry en 56,5% tsjinsten.
Munt De muntienheid fan Roemeenje is de Leu. Op 1 july 2005 waard yn it lân in nije Leu ynfierd, dy't de muntkoade RON krige hat. Dy ferfong de âlde Leu, mei muntkoade ROL, dy't nei 31 desimber ôftanke waard om't er te fier ûntwearde wie. 10.000 ROL waarden 1 RON.
Demografy Etnyske groepen neffens de folkstelling fan 2002:
Roemenen 89,5% Hongaren 6,6% Roma 2,5% Oekraïners 0,3% Dútsers 0,3% Russen 0,2% Turken 0,2% Oare groepen 0,4%
Oare lytse etnyske minderheden yn Roemeenje: Albanezen, Armenen, Bulgaren, Tsjechen, Kroäten, Joaden, Griken, Serven, Slowaken, Tataren, Poalen en Italjanen.
Militêr Struktuer De Roemeenske definsje hat in lânmacht, loftmacht, marine en in ienheid foar spesjale missys. Mankracht Yn 2008 wienen der 5.682.299 Roemeenske mannen fan tusken de 16-49 jier. Dêrfan wienen 4.572.017 fit foar militêre tsjinst. Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 127.706. Budzjet Militêr budzjet $985 miljoen (2002). Persintaazje fan it BYP 2,5 % (2002).
Bestjoerlike yndieling Roemeenje is yndield yn de fjouwer histoaryske regio's Transsylvaanje (op de kaart grien), Wallachije (blau), (Roemeensk) Moldaavje (read) en Dobroodzje (giel). Tagelyk is it lân yndield yn 41 saneamde judeţe (sprek út: jûdetse), in soarte fan provinsjes plus de gemeente Bucureşti (Bûkarest).
De 41 judeţe binne: thumbnail|Bestjoerlike yndieling fan Roemeenje. Alba Arad Argeş Bacău Bihor Bistriţa-Năsăud Botoşani Braşov Brăila Buzău Caraş-Severin Călăraşi Cluj Constanţa Covasna Dâmboviţa Dolj Galaţi Giurgiu Gorj Harghita Hunedoara Ialomiţa Iaşi Ilfov Maramureş Mehedinţi Mureş Neamţ Olt Prahova Satu Mare Sâlaj Sibiu Suceava Teleorman Timiş Tulcea Vaslui Vâlcea Vrancea
Transport Wichtichste havens binne Braila, Constanta, Galati en Tulcea. Budapest hat twa fleanfjilden en hat it measte ynternasjonale loftferkear. De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/h.
Roemeenje hat (2006): 198.817 km ferhurde dyk. 11.385 km spoardyk. 1.731 km farwetter.
Ferneamde Roemenen byldhouwer Constantin Brâncuşi
Kategory:Lân yn Jeropa Kategory:Balkan Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1859 Kategory:Republyk