Danjel Hermannus Beucker Andreae (Sint Anne, 23 maart 1772 - Ljouwert, 18 maart 1828) wie in jurist.

Andreae hearde ta it patrysjerslaach Andreae en wie in soan fan gritenijsekretaris mr. Henricus Beucker Andreae (1736-1806) en Baukje Maria Lycklama à Nijeholt (1730-1805). Hy boaske yn 1803 mei Catharina Elizabeth Huber (1779-1822), regintes fan it Nij Steds Weeshûs, mei wa't er fiif bern krige.

Andreae studearre rjochten yn Frjentsjer en promovearre dêr 1829 op it proefskrift Quas ... ex auctoritate ... Laurentii Meyer ... pro gradu doctoratus.

Yn de revolúsjedagen nei 1789 (Frânske Revolúsje) wie er fan tuskenbeiden politike oertsjûging, hy tsjinne yn De Haach de republyk en waard drost fan it alfte distrikt (Ferwerderadiel, It Bilt en Menameradiel, 1802-1811) en griffier fan de rjochtbank yn Ljouwert (1812-1828). Hy wie in grutte boekefreon en in warber botanikus. As fûl pleitbesoarger foar it Frysk woe er dat it Frysk op skoalle jûn wurde moast.

Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk botanikus Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk taalaktivist Kategory:Frisiast Kategory:Gemeenteriedslid fan Ljouwert Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk botanikus Kategory:Biltsk persoan Kategory:Persoan berne yn Sint-Anne Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1772 Kategory:Persoan stoarn yn 1828