thumb|It logo fan de ARP 150px|thumb|Portret fan Abraham Kuyper troch Jan Veth De Anty-Revolúsjonêre Partij is as rjochting om 1830 ûntstien ûnder lieding fan Guillaume Groen van Prinster. 'Anty-revolúsjonêr' ferwiist nei it fersmiten fan de begjinsels fan de Frânske Revolúsje.

Yn 1878 waard it ta partij organisearre troch Abraham Kuyper en wie it de earste politike partij fan Nederlân. As begjinselprogram waard "Ons Program" skreaun. Yn Fryslân bestie grutte sympaty foar de antyrevolúsjonêre begjinsels by de rjochtsinnige protestanten. De earste AR-kiesferiening waard yn 1852 oprjochte yn Ljouwert. Troch de Doleânsje ûntstie ferwidering. Foar de AR-partij oer kaam de CHU te stean, oprjochte troch herfoarme predikanten. Sûnttiids wiene de AR en de grifformearden hast identyk.

By de ferkiezings fan 1956 helle de AR yn Fryslân 22% fan de stimmen (yn Nederlân hast 10%). Yn de Steaten wiene doe 12 fan de 50 sitten troch antyrevolúsjonêren beset. De AR-Partij wie it sterkst yn de Dongeradielen, Dokkum, Dantumadiel en Kollumerlân.

It Provinsjaal Bestjoer bestie út 185 leden (út elke kiesferiening ien ôffurdige). It Deistich Bestjoer waard foarme troch 10 leden. In AR Propaganda Kommisje soarge foar lektuer, films, kursussen en sprekbeurten (22 leden). De froulju hiene in AR Froulju Aksje (allinnich yn Fryslân) en de jongerein wie yn de (lanlike) ARJOS organisearre. It oantal leden yn Fryslân wie 12.938 (1956). De partij hie in provinsjaal buro mei in besoldige siktaris.

Kristen Demokratysk Appèl thumb|260px|Lêste gearkomst fan de ARP oer it opgean yn it CDA: Hans de Boer (r), d%erneist f.l.n.r. Bukman, Van Houwelingen en Kuiper Yn 1967 wie de ARP tegearre mei de Kristlik-Histoaryske Uny (CHU) en de Katolike Folkspartij (KVP) yn petear oer hoe't 'Kristlike polityk' der útsjen moast. De fraksjelieders Biesheuvel, Mellema en Schmelzer kamen op telefyzje om it motto samen uit, samen thuis te ferdúdlikjen. Under lieding fan Piet Steenkamp rjochten de trije partijen yn 1973 it Kristen Demokratysk Appèl (CDA) op. Yn 1980 waarden ARP, CHU en KVP opheft. De ARP gie fierder mei in katolike partij wylst men yn de jierren 50 noch in lichte wjersin foar katoliken oer hie.

Ledetal

+ Leden Anty-Revolúsjonêre PartijARP - ledentallen (Documentatiecentrum Nederlandse Politieke Partijen)JierOantal ledenJierOantal leden23 febrewaris 1946 86.50031 desimber 1967 90.9041950102.73731 desimber 1968 87.3781955 98.02831 desimber 1969 83.12731 desimber 1956 95.03831 desimber 1970 80.69531 desimber 1957 97.18631 desimber 1971 74.11831 desimber 1958 99.3401 jannewaris 1973 69.74231 desimber 1959 99.6131 jannewaris 1974 65.11631 desimber 1960 97.9801 jannewaris 1975 61.76131 desimber 1961 98.5441 jannewaris 1976 59.49531 desimber 1962100.8471 jannewaris 1977 57.66131 desimber 1963 98.0161 jannewaris 1978 57.64231 desimber 1964 95.7961 jannewaris 1979 56.40531 desimber 1965 94.1641 jannewaris 1980 54.50031 desimber 1966 93.398

Resultaten by parlemintsferkiezings

1918: 13,4 %

1922: 13,7 %

1925: 12,2 %

1929: 11,6 %

1933: 13,4 %

1937: 16,4 %

1946: 12,9 %

1948: 13,2 %

1952: 11,3 %

1956: 9,9 %

1959: 9,4 %

1963: 8,7 %

1967: 9,9 %

1971: 8,6 %

1972: 8,8 %

Antyrevolúsjonêre ministerpresidinten 1888–1891: Æneas Baron Mackay de Jongere 1901–1905: Abraham Kuyper 1908–1913: Theo Heemskerk 1925–1926: Hendrikus Colijn (1e Regearperioade) 1933–1939: Hendrikus Colijn (2e Regearperioade) 1940–1945: Pieter Sjoerds Gerbrandy (Om utens yn London) 1966–1967: Jelle Zijlstra 1971–1973: Barend Biesheuvel

Partijfoarsitters

Ofbyld persoan perioade 50px|Dr. Abraham Kuyper Dr. Abraham Kuyper 1879 - april 1905 50px|Dr. Herman Bavinck Dr. Herman Bavinck april 1905 - 17 oktober 1907 50px|Dr. Abraham Kuyper Dr. Abraham Kuyper 17 oktober 1907 - 31 maart 1920 50px|Dr. Hendrikus Colijn Dr. Hendrikus Colijn 14 april 1920 - 26 april 1933 Dr. Jan Schouten 6 juni 1933 - 6 septimber 1939 50px|Dr. Hendrikus Colijn Dr. Hendrikus Colijn 6 septimber 1939 - 1 april 1941 Dr. Jan Schouten maaie 1945 - 22 juny 1955 Mr. Anton Roosjen 22 maaie 1955 - 23 april 1956 Dr. Wiert Berguis 23 april 1956 - 15 juny 1968 Mr. Anton Roosjen 10 febrewaris 1968 - 15 juny 1968 Dr. Mr. Antoon Veerman 15 juny 1968 - 11 maaie 1972 Drs. Jan de Koning 9 febrewaris 1974 - 13 desimber 1975 Hans de Boer 13 desimber 1975 - 10 oktober 1980

Sjoch ek Fryske Bûn

Keppeling om utens De Anti-Revolutionaire Partij op parlement.com

Kategory:Eardere Nederlânske politike partij Kategory:Kristen-demokratyske politike partij Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1878 Kategory:Organisaasje opheft yn 1980