It syndroom fan Asperger, ek wol aspergersyndroom, is in pervasive ûntwikkelingssteuring. It syndroom is neamd nei de Weenske bernedokter dr. Hans Asperger. Skaaimerken fan it syndroom binne beheiningen op it mêd fan sosjale ynteraksje en kommunikaasje. Dêrneist is it tal ynteressen en aktiviteiten beheind. Oars as by de klassike autistyske steuring is der gjin sprake fan fertraging yn de ûntwikkeling fan de taalfeardigens op jonge jierren. Der is in normale of bytiden hege yntelliginsje en it stribjen om kontakt te meitsjen leit op in trochsneed nivo.
Ornaris wurdt it aspergersyndroom sjoen as in syndroom dat de minske by de berte meikriget en net te genêzen is. It syndroom oppenearret him sa likernôch yn 'e âldens fan fjouwer jier. De krekte oarsaak fan it syndroom is net bekend.
Skiednis It syndroom is neamd nei de Eastenrykske psychiater en bernedokter Hans Asperger, dy't yn 1944 in proefskrift skreaun hat oer it ferskynsel. Dêryn neamt er syn pasjinten "lytse professors" fanwegen har yntinse belangstellingen en formele taalgebrûk. Yn tsjinstelling ta it artikel fan Leo Kanner oer autisme dat yn deselde tiid skreaun waard, krige de publikaasje fan Asperger lange tiid mar in bytsje omtinken. Syn wurk waard pas yn breder fermidden bekend troch it omtinken dat de Amerikaanske Lorna Wing dêr oan joech yn 1981. Yn 1994 waard it syndroom opnommen yn it Amerikaanske Diagnostic and Statistical Manual of Mental Disorders (DSM).
Kontroverses Al sûnt Lorna Wing de earste kritearia publisearre, besteane der kontroverses oer de klassifikaasje en de status fan it syndroom. In wichtige fraach dêrby is oft it aspergersyndroom itselde is as heechfunksjonearjend autisme, in foarm fan autistyske steurnis wêrby't gjin mentale retardaasje optreedt. Soe dat sa wêze, dan is it neffens guon wittenskippers net nedich om it syndroom fan Asperger as aparte krupsje yn de klassifikaaskjesystemen op te nimmen.Does Asperger exist? In stúdzje út 1997 konkludearre bygelyks dat de bern dy't Hans Asperger beskreau, neffens de kritearia fan it DSM net it syndroom fan Asperger, mar in autistyske steurnis hienen. Miller, J.N., & S. Ozonoff (1997), Did Asperger's cases have Asperger Disorder? A research note. Journal of Child Psychology and Psychiatry, 1997, 38, 247-251
In protte wittenskippers sjogge it syndroom fan Asperger no as in foarm fan heechfunksjonearjend autisme. Sa skreau Lorna Wing yn 1998: "Asperger syndrome and high-functioning autism are not distinct conditions". Troch neuropsychologysk ûndersyk ûntstienen der lykwols wer oare stânpunten. Ut ûndersyk nei Non-verbal Learning Disabilities (NLD) die nammentlik bliken dat minsken mei NLD en it aspergersyndroom in sterk oerienkommend neurologysk profyl hawwe.Asperger Syndrome: Tests of Right Hemisphere Functioning and Interhemispheric Communication Dat profyl bliek yn ferliking mei dat fan heechfunksjonearjende autisten in soad ferskillen te hawwen.Klin A, Volkmar FR, Sparrow SS, Cicchetti DV, Rourke BP. Validity and neuropsychological characterization of Asperger syndrome: convergence with nonverbal learning disabilities syndrome. J Child Psychol Psychiatry. 1995 oct;36(7):1127-40. Dat soe betsjutte kinne dat asperger en autisme neurologysk sjoen ferskillende krupsjes binne.
Baron-Cohen Noch mear as oare steuringen út it autismespektrum blykt it syndroom fan Asperger mear foar te kommen by manlju as by froulju.
Somtiden wurdt it wol omskreaun as "ekstreem manlik" gedrach, bygelyks troch Simon Baron-Cohen yn syn boek The essential difference (2003). Minsken mei it aspergersyndroom binne sterk rjochte op technyske details en resultaten (systematisearje) en krekt in bytsje op kontakt en gearwurking (empatisearje), eat dat yn de harsens oan te wizen is (sjoch amygdala); oer it generaal wurdt it earste as typysk manlik, it twadde as typysk froulik beskreaun. Der binne lykwols ek minsken mei it aspergersyndroom dy't har bûtenwênstich spesjalisearre hawwe yn 'nonverbale kommunikassje' en it weromkennen fan minsklike emoasjes. Gedrach en hâlding kinne dan mei grutte perfeksje neidien wurde sûnder dat it byhearrende affekt oanwêzich is. Sels de (mikro-)eachekspresje kinne imitearre wurde. Dat is it ûnbewust kompensearjen fan eigen tekoartkommings.
Baron-Cohen sprekt net oer in steuring, mar fan in kognitive styl, mei syn eigen kwaliteiten, dêr't net needsaaklik eat oan "ferbettere" hoecht te wurden.
Asperger en it autismespektrum It syndroom fan Asperger wurdt ta it autismespektrum rekkene. Krekt as by de oare steuringen út dat spektrum is der sprake fan in ûnhandige motoryk, swierrichheden mei it ynlêzen fan sosjale situaasjes, brekme oan ynlibbingsfermogen, swierrichheden mei feroarings, in oanstriid ta fêste gewoantes, in foarkar foar beuzichheden en ynteressen mei sterk werheljende of systematyskhe eleminten, oanstriid ta obsessyf gedrach en maklik opgean yn in fantasywrâld.
Wichtige ferskillen mei klassyk autisme binne de praktysk normale taalûntwikkeling, de normale of sels hege yntelliginsje en de normale oanstriid kontakten mei oaren te lizzen. It syndroom fan Asperger wurdt om dy redenen faak ta de myldere ein fan it autismespektrum rekkene. Faak wurde minsken mei it syndroom fan Asperger sjoen as eksintryk, wrâldfrjemd of einzelgänger.
It stellen fan in ûndûbelsinnige diagnoaze wurdt soms lestiger troch de grutte ferskillen yn de symptoamen per diagnoaze en troch de ferskillen yn metoaden en ynstruminten om it syndroom fan Asperger fêst te stellen. Neist de Amerikaanske diagnosekritearia fan it DSM-IV, binne der ek dy fan de Wrâldsûnensorganisaasje (ICD-10), de Szatmari diagnostyske kritearia, de kritearia fan Gillberg en de kritearia dy't Tony Attwood hantearret.
DSM-kritearia It DSM-IV jout de folgjende kriteariums (299.80):
A. Kwalitative tekoartkommings yn de sosjale ynteraksje, dat blykt út minimaal twa fan de folgjende kriteariums: Dúdlike tekoartkommingen yn meardere foarmen fan net-ferbaal bedrach, bygelyks streekrjocht eachkontakt, antlitekspresje, lichemshâlding en gebearten yn sosjale kontekst. Unfermogen ta it oangean fan relaasjes mei genoaten fan deselde âldens dy't passend binne by it nivo fan ûntwikkeling. Untbrekken fan it spontaan dielen fan wille, ynteressen of prestaasjes mei oaren (bygelyks gjin foarwerpen sjen litte, jaan of oanwize). Brekme oan sosjale of emosjonele uteringen fan beide kanten. B. Beheinde strukturele en stereotype gedrachspatroanen, ynteressen en aktiviteitepatroanen, wat blykt út minimaal ien fan de folgjende kriteariums: Oerhearskjende preokkupaasje mei ien of mear stereotype en beheinde ynteressepatroanen dy't ôfwikend is yn yntinsiteit of oandachtsgebiet. Dúdlik ynfleksibel fêsthâlden oan net-funksjonele rûtinehannelingen of rituelen. Stereotyp en werhelle motorysk gedrach (bygelyks fladderjen of draaien fan hannen of fingers of komplekse bewegingen mei de hiele lea). Dúdlike preokkupaasje mei ûnderdielen fan foarwerpen. C. De oandwaning liedt ta klinysk signifikante tekoartkommings op sosjaal op beropsmjittich mêd of op oare wichtige terreinen. D. Der is gjin klinysk signifikante efterstân yn de taalûntwikkeling (bygelyks wurden op twajierrige leeftyd, sinne op trijejierrige leeftiid). E. Der is gjin klinysk signifikante efterstân yn de kognitive ûntwikkeling of yn de ûntwikkeling fan selshelpfeardichheden, oanpassingsgedrach (sosjale ynteraksje net meirekkene) en de nijsgjirrichheid nei de omjouwing. F. Der is net foldien oan de kriteariums foar in oare pervasive ûntwikkelingssteurnis of skizofreny.
It aspergersyndroom wurdt standert diagnostisearre as immen oan dizze kriteariums foldocht, in IQ boppe 85 hat en gjin efterstân yn de taalûntwikkeling ûnderfûn hat.
Sifers Sifers oer it foarkommen fan it syndroom fan Asperger oanbelangje meastentiids bern. Foar't de diagnoaze fan it aspergersyndroom erkend waard, en allinnich nei ‘klassyk autisme’ sjoen waard, hiet 1 op de 2200 minsken "autistysk". Sûnt de term ‘autismespektrumsteurnis’ hieltiten mear akseptearre rekket wurdt oannomd (ûnder mear troch it Flaamske Autisme Centraal) dat 1 op de 1000 minsken klassyk autisme hat en 1 op de 200 minsken in steuring yn it autistysk sprektrum hat. It Nederlânske Lanlike Netwurk Autisme nimt oan dat ûngefear 1 op de 400 minsken autistysk is, dêr't 25% froulik fan is.
Skaaimerken Sosjale beheinings Minsken mei it syndroom fan Asperger fine it lestich om in ferskil te meitsjen tusken boadskippen dy't letterlik bedoeld binne en boadskippen fan metafoaryske aard. It bewustwêzen fan maatskiplike regels, rjochtlinen en wearden is foar minsken mei Asperger net in spultsje fan yntuysje. De minsken dy't mei it syndroom oantangele binne fine it dêrom lestich om harren emosjonele tastân mei de krekte nuânse of mimyk te uterjen.
It skieden fan letterlike en figuerlike taal en in júste ferklearring fan lichemstaal fine minsken mei it syndroom fan Asperger dreech. Dy skaaimerken binne by mear foarmen fan autisme werom te finen. It dielnimmen oan in petear kin problemen opsmite om't de persoan faak net wit wannear't der wol of net wat sein wurde kin. Algemien bekende metafoaren binne foar minsken mei it syndroom fan Asperger faak min te begripen, wylst de eigen metafoaren krekt foar de omjouwing faak ûnbegryplik binne. It fermogen ta empaty is dêrtroch - somtiids sterk - fermindere.
Yn ferliking mei minsken mei klassyk autisme hawwe minsken mei it syndroom fan Asperger bettere mooglikheden om harren beheining yn 'e mjitte komme. Sa kinne minsken mei Asperger better ta harren gerak komme as der oan it ferlet fan struktuer foldien wurdt. Minsken mei Asperger kinne ferbaal tige sterk wêze. Troch it brûken fan de sterke kanten fan de persoanlikheid kin it syndroom dan ridlik kamûflearre wurde foar oare minsken. It boartsjen mei net-letterlik taalgebrûk is ek te learen. De beheinings binne dus troch ynset fan ferstân en oefening yn de rin fan de jierren faak diels te kompensearjen. Men leart dan yn de adolessinsje wat makliker mei oare minsken om te gean. De "handicap" kin mei dêrtroch troch helpferlieners ûnderskat wurde. Sibbe en kunde kinne minsken mei Asperger better begripe troch wittenskiplike ynformaasje en psychologyske advizen.
Minsken mei it aspergersyndroom fine drokte faak ferfelend. Sosjale eveneminten mei in protte minsken wurde dan net sjoen as ûntspanning en ferdivedaasje. In soad minsken mei it syndroom soenen harren sosjale feardichheden wol better ûntwikkelje wolle, mar negative ûnderfinings troch harren sosjaal (ûn)fermogen soargje der yn in soad gefallen foar dat der op dat gebiet grutte beheiningen field wurdt.
Opgean yn yntinse ynteresses Minsken mei it syndroom fan Asperger kinne yntinse preokkupaasjes koesterje. De presize ynteresse ferskilt de persoan; faak is dy sterk spesjalisearre en makket op bûtensteanders in ien of oare yndruk. Sammellilkens komt in soad foar: net allinnich fan postsegels, mar ek ûngewoane soarten objekten as fentyldopkes. Ek it sammeljen fan ensylopedyske kunde oer útienrinnende ûnderwerpen komt in soad foar. Skaaimerkjend foar it syndroom fan Asperger (en autisme yn it algemien) is net sasear wat de presize ynteresse is, mar foaral de yntinsiteit dêr't men mei dwaande is.
Hans Asperger neamde de bern mei it syndroom fan Asperger dy't hy observearre, ‘professorkes’ omdat er fêststelde dat de 13-jierrige pasjinten in like útwreide en nuânsearre byld hienen oer harren 'ûndersyksgebiet’ as professors. Mar typearjend is dat it oersicht faak ûntbrekt. Ek spruts Hans Asperger oer yntelliginsje-automaten, fanwege it idee dat dy] pasjinten alles mei harren yntelliginsje dogge, en har gefoelslibben weidrukt wurdt en dêrom net of amper oanwêzich liket te wêzen. Se wurken letterlik mei in 'input' en 'output' mei dêrtusken in (komplisearre) logyske programmearring mei wat der hieltiten mei de input dien wurde moat, krektas in automaat of robot.