Henk Evers (It Oranjewâld, 5 oktober 1939 - It Hearrenfean, 28 jannewaris 2026) is in earder atleet út It Oranjewâld. Nei syn skoaltiid op de ULO waard er mei 17 jier lid fan AV'55 út It Hearrenfean. De blommistesoan wie spesjalisearre yn spearwerpen, kûgelstjitten, fierspringen en de hink-stap-sprong. Nei syn militêre tsjinsttiid by de kommando's lei er him ta op fierspringen en de hink-stap-sprong. Mei syn Fryske rekôr fan 13,83 kaam er ek yn de Nederlânske atletykploech. De hast twa meter lange atleet treende ûnder lieding fan âld-Nederlânsk rekordhâlder fierspringen, Wim Peters út Swol. Syn útslaggen op it Nederlânsk Kampioenskip yn Winschoten fan 1967 wienen op de hink-stap-sprong 14,09 meter en by it fierspringen 6,86 meter.

Syn PR en it Nederlânsk hink-stap-sprongrekord wie 15,64 meter dat er helle by de ynterland tsjin Eastenryk yn Innsbruck.

Rekords Persoanlike rekords UnderdielPrestaasjeDatumPlakfierspringen7,40 m18 juny 1967Uterthink-stap-springen15,64 m (eks-NR)27 july 1963Innsbruck

Nederlânske rekords UnderdielPrestaasjeDatumPlakhink-stap-springen15,61 m 8 juny 1963Billingham15,64 m27 july 1963Innsbruck

Kategory:Frysk spearwerper Kategory:Frysk kûgelstjitter Kategory:Frysk fierspringer Kategory:Frysk hink-stap-springer Kategory:Persoan berne op It Oranjewâld Kategory:Persoan stoarn op It Hearrefean Kategory:Persoan berne yn 1939 Kategory:Persoan stoarn yn 2026