thumb|Arnoldus Johannes Andreae Arnoldus Johannes Andreae (Kollum, 30 jannewaris 1845 - dêre, 27 febrewaris 1899) wie in notaris.

Hy waard yn 1872 Master yn de Rjochten (Universiteit Utert) en folge syn heit Daniël Hermannus Andreae op as notaris yn Kollum (1881). Yn 1877 troude er mei Ulrica Hermanna Huber en waard er lid fan de gemeenterie fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Sy wennen yn de troch syn heit sette filla "Philippusfenne".

Andreae holp mei oan de Histoaryske tentoanstelling fan 1877 en wijde him oan de Fryske skiednis. Waard lid en bestjoerslid fan it Frysk Genoatskip en skreau ûnder oare oer de boargerlike en tsjerklike yndieling fan it âlde Fryslân, de Lauwerssee en Kollumerlân. Fierders joech er genealogyske stúdzjes en biografyen út en bejoech er him op maatskiplik terrein.

Yn 1894 waard er lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Fiif jier letter kaam er te ferstjerren troch in longûntstekking yn de âldens fan 54 jier.

Mei Ulrica krige er twa soannen en in dochter. De lêste stoar al mei njoggen jier. De Aldheidkamer Mr. Andreae is nei him ferneamd.

Wurk Unfolslein 1877: Gids voor reizenden 1881: De Lauwerzee nagespoord in wording, omvang en bedijkingen (Ljouwert); 1883: Kollumerland en Nieuw-Kruisland, geschiedkundig beschreven met oudheidkundige plaatsbeschrijving (Kollum); 1885-86: Oudheidkundige plaatsbeschrijving van de gemeente Kollumerland en Nieuw-Kruisland. (2 dielen; Kollum); 1890-91: Het klooster Jerusalem of Gerkesklooster (Kollum); 1893: Nalezing op de nieuwe naamlijst van Grietmannen van Jhr. Mr. H. Baerdt van Sminia (Ljouwert);

Kategory:Frysk notaris Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk genealooch Kategory:Geakundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk gemeenteriedslid Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Persoan berne yn Kollum Kategory:Persoan stoarn yn Kollum Kategory:Persoan berne yn 1845 Kategory:Persoan stoarn yn 1899