Alba is in stêd yn 'e Italjaanske regio Piëmont en heart by de provinsje Cuneo. De stêd leit yn it hert fan 'e ferneamde streek Langhe, in heuvelich gebiet dat yn 'e wrâld bekend stiet om syn wyn en kulinêre spesjaliteiten.

Skiednis De oarsprong fan Alba giet werom oant foar de Romeinske tiid. It gebiet waard al ier bewenne troch Liguryske stammen en kaam letter ûnder Keltyske ynfloed te stean. De Romeinen ûntwikkelen en fersterken de delsetting fierder ûnder de namme Alba Pompeia.

De oarsprong fan 'e namme Alba is net hielendal dúdlik; der besteane ferskillende ferklearrings, ûnder oare Liguryske en Keltyske. Troch de iuwen hinne hat de stêd altyd in wichtige rol spile yn 'e regio, wat noch altyd werom te sjen is yn it histoaryske sintrum mei syn âlde tuorren en tsjerken.

Ekonomy en gastronomy De stêd stiet foaral bekend om de wite truffel (Tartufo Bianco d'Alba), dy't yn 'e hjerst in soad toeristen lûkt. Dêrnjonken is Alba de thúsbasis fan 'e it fiedselprodusint Ferrero, dy't in grutte rol hat yn 'e lokale ekonomy.

Omjouwing Alba leit yn it UNESCO-wrâlderfgoedgebiet fan 'e wynlânskippen fan Langhe-Roero en Monferrato. De goed bewarre binnenstêd, de gastronomy en de lizzing yn in oantreklik lânskip soargje foar in soad toerisme yn Alba.

Sport Fan 18 oant 25 april 2004 waard yn Itaalje yn Alba en Imperia it wrâldkampioenskip keatsen hâlden.

Foto's

Kategory:Plak yn Piëmont