Messerschmitt Bf 109 275px Rol jachtfleanmasine Makker Messerschmitt Untwerper Willy Messerschmitt, Robert Lusser Earste flecht 28 maaie 1935 Yn tsjinst 1937 Ut tsjinst 9 maaie 1945, Luftwaffe. 27 desimber 1965, Spaanske Loftmacht Tal makke Sa'n 33.300 (1936-1945) Brûkers Farianten Avia S-99/S-199, Hispano Aviación HA-1112 (makke oant 1958) thumb|250px|Filmke fan in Bf109 dy't noch fjucht, septimber 2005 De Messerschmitt Bf 109 wie in jachtfleanmasine (jager) dy't yn de Twadde Wrâldkriich (WK II) yn gebrûk wie by de Dútske Luftwaffe, makke troch de firma Messerschmitt.

De Bf 109 behearde ta in nije generaasje fan leechdekker jachtfleamasines mei in tichte cockpit, ynlûkber lâningsgestel en in folslein metalen romp en fleugels. De Bf 109 E waard yn it begjin fan WK II brûkt yn de maaiedagen 1940 yn Nederlân en yn de Slach om Ingelân. Der hawwe lykwols tsientallen ferzjes west, njonken jagers wiene dat ek jachtbommesmiters, nachtjagers en ferkenningsfleantugen. De ferzje dy't yn de maaiedagen it meast ynset waard wie de BF 109E, ferzje 3, mar ek de ferzje 2 en ferzje 1 waarden noch brûkt, en ek noch de Bf 109 D.

Technyske feiten Bf 109 E Bf 109 E-3: Feiten Lingte    8,64 m Spanwiidte    9,87 m Fleugeloerflak    16,2 m² Hichte    2,60 m Oandriuwing    Ien Daimler-Benz 12-silinder-V-Motor DB 601 A-1 mei maks. 990 HK startfermogen Heechste faasje    570 km/o op 5.000 m hichte Fleanberik    800 km Bemanning    1 Tsjinstplafond    10.500 m Leechgewicht    2010 kg Fleangewicht    2505 kg Bewapening    Twa 7,92-mm-MG 17 yn de motorkap (1.000 patroanen it stik) en twa 20-mm-hurdfjoerkanonnen MG FF yn de fleugels, (60 skotten it stik). thumb|250px

Keppeling om utens Warbirds ynformaasje oer dit type Webstee oer de Messerschmitt Bf 109

Kategory:Dútske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Dútske jachtfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1935