Junkers Ju 52/3m 275px Rol Passazjiersfleantúch/frachtfleantúch Makker Junkers Untwerper Ernst Zindel Earste flecht 7 maart 1932 (Ju/3m) Yn tsjinst 1932 Ut tsjinst Tal makke 4.845 (yn Dútslân, Frankryk en Spanje 1932 - 1952) Grutste brûker Luftwaffe thumb|250px|Ju 52 waard in soad foar ferfier fan paratroepen brûkt De Junkers Ju-52/3m is in ferkears- en transportfleanmasine boud troch de Dútske firma Junkers fan 1932 oant 1945. It tastel is ek bekend as Tante Ju ('muoike Ju'). As ferkears- en frachtfleantúch hat it yn grif 12 lannen tsjinne, bygelyks by Swissair en Lufthansa. De Ju 52 hat oant yn 80er jierren by guon loftfeartmaatskippijen brûkt west.

It tastel dat distiid Junkers Ju-52 neamd wurdt is de trijemotoarige Junkers Ju 52/3m, dy't út de ienmotoarige Ju-52/1m ûntstien is. Lykas eardere tastellen fan Junkers hat de Junkers Ju-52/3m in metalen frame dat beklaaid is mei golfplaat.

It tastel waard fanwege de Reichswehr, dy't doetiids yn it geheim wurke oan de opbou fan in Dútske loftmacht, ûntwurpen as in ferkearsfleanmasine dy't maklik omboud wurde koe ta bommesmiter. De earste flecht wie yn maart 1932.

Yn de oarspronklike funksje fan passazjiers- en transporttastel tsjinne it type by ferskate loftfeartmaatskippijen yn binnen- en bûtenlân. It tastel stie bekend as betrouber en noflik foar passazjiers (stabyl, kabineferwaarming, soerstoffoarsjennings), mar krige rillegau konkurrinsje fan ekonomysk effisjintere Douglas DC-2 en DC-3.

Yn de Spaanske boargerkriich waard it type foar it earst ek militêr brûkt, ûnder oaren by it Bombardemint op Guernica. Yn de Twadde Wrâldkriich wie de Ju 52/3m it standert transporttastel fan de Luftwaffe. It waard op grutte skaal ynset by ferskillende loftlâningsoperaasjes oan it begjin fan de oarloch, ek yn maaie 1940 boppe Nederlân.

De Ju 52/3m waard teffens yn Spanje (as de CASA352) en Frankryk (nei de kriich ûnder de namme Amiot AAC-1 Toucan) makke.

Technyske feiten thumb|Cockpit fan de Junkers Ju-52/3m fan de Flugausstellung L. + P. Junior (19 april 2006) thumb|Elizalde Beta-motor thumb|Detail fan Elizalde Beta Feiten Fleugelspanwiidte: 29,25 m Lingte: 18,50 m, mei driuwers 19,40 m Hichte: 4,65 m, mei tsjillen 6,10 m Fleugeloerflak: 110,50 m² Startfaasje: 120 km/o Topfaasje: 290 km/o Krúsfaasje: 180 km/o Lâningsfaasje: 106 km/o Lading: 1500 kg Fleanberik: 1200–1300 km Motor: BMW 132 (ferskate farianten), Pratt & Whitney „Hornet"; Elizalde Beta (Spaanske ferzje fan Wright Cyclone) Fermogen: 3 × 660 hk (1456 kW) oant 3 × 750 hk Tsjinstplafond: 6300 m Bemanning: 3 + 15–17 passazjiers Bewapening: ien MG 131 Kal. 13 mm boppe op de romp, twa 7,9-mm-MG oan wjerskanten de romp

Keppeling om utens Webside oer de Ju 52

Kategory:Dútske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Dútske ferkearsfleanmasine Kategory:Dútske transportfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1932