Edward Charles Morrice Fox, OBE (Chelsea, 13 april 1937) is in Ingelsk toaniel-, film- en telefyzjeakteur. Hy wurdt faken typearre as in klassike Brit út de hegere klasse (upper class), spilet op toaniel en yn de film dan ek typyske gentlemen-rollen.
Karriêre Fox makke wierskynlik yn 1958 syn teaterdebút, en wie yn 1963 foar 't earst yn in film te sjen. Ein 60er-, begjin 70er jierren hie er rollen yn Britske films sa as Oh! What a Lovely War (1969), Battle of Britain (1969) en The Go-Between (1970), mar hy makke wier namme mei syn optreden yn The Day of the Jackal út 1973. Fan doe ôf waard er faak foar films frege sa as A Bridge Too Far (1977) en Force 10 from Navarone (1978), mei Robert Shaw en Harrison Ford. Yn 1982 hie Fox de rol fan brigadier-generaal Reginald Dyer yn de film Gandhi, dy't ferantwurdlik wie foar de Slachting fan Amritsar yn Yndia. Dêrnei wie Fox noch 'M' yn de James Bond-film Never Say Never Again, en mei Laurence Olivier siet er yn The Bounty (1984) en Wild Geese II (1985).
Yn 2002 wie er te sjen yn The Importance of Being Earnest en Nicholas Nickleby, en yn 2004 yn Stage Beauty.
Yn 2003 krige Fox de OBE.
Priveelibben Fox hat taw kear troud west, mei aktrises Tracy Reed (1958-1961) en Joanna David (sûnt july 2004, nei in lange ferhâlding). Hy hat by Reed in dochter, Lucy, en krige mei David twa bern: aktrise Emilia Fox en Freddie Fox.
Filmografy In kar út tsientallen films: 1969 - Battle of Britain - Pilot Officer Archie 1970 - The Go-Between - Hugh Trimingham 1973 - The Day of the Jackal - The Jackal 1977 - A Bridge Too Far - Lt. Gen. Brian G. Horrocks 1977 - The Duellists - Kolonel 1977 - Soldaat van Oranje - Kolonel Rafelli 1978 - Force 10 from Navarone - Sgt. Dusty Miller 1979 - The Cat and the Canary - Hendricks 1980 - The Mirror Crack'd - Inspekteur Dermot Craddock 1982 - Gandhi - Generaal Reginald Dyer 1983 - Never Say Never Again - M 1984 - The Bounty - Kaptein Greetham 1985 - Wild Geese II - Alex Faulkner 1986 - Shaka Zulu - Lt. Francis Farewell 1989 - Return from the River Kwai - Majoar Benford 1991 - Robin Hood - Prins John 1998 - Lost in Space - Sakeman 2001 - All the Queen's Men - Aitken 2002 - The Importance of Being Earnest - Lane, Algy's Butler 2002 - Nicholas Nickleby - Sir Mulberry Hawk 2004 - Stage Beauty - Sir Edward Hyde 2005 - Lassie - Hulton 2007 - Oliver Twist'' - Mr Brownlow 2017 - Taboo (telefyzjerige)
Keppeling om utens Edward Fox by Ynternet Film Feitebank.
Kategory:Ingelsk toanielakteur Kategory:Ingelsk telefyzje-akteur Kategory:Ingelsk filmakteur Kategory:Persoan berne yn 1937