Martin B-10 275px Rol Bommesmiter Makker Glenn L. Martin Company Untwerper Peyton M. Magruder Earste flecht 16 febrewaris 1932 Yn tsjinst novimber 1934 Ut tsjinst 1949 (Royal Thai Air Force) Tal makke 348 (1933-1940) Grutste brûkers United States Army Air Corps, Nederlânske Eastyndyske Loftmacht, Turkske Loftmacht, Sineeske Nasjonalistyske Loftmacht, Argentynske Loftmacht Farianten Martin Model 146
thumb|250px|Martin YB-10 yn it USAF-Museum
De Martin B-10 wie de earste iendekker bommesmiter út de FS dy't hielendal fan metaal makke wie. It tastel kaam yn tsjinst yn 1934. It wie ek de earste bommesmiter dy't massaal produsearre waard en hy prestearre better as de besteande jachtfleanmasines op dat stuit. De B-10 tsjinne as basis foar de ferzjes B-12, B-13, B-14, A-15 en O-45 .
It B-10 ûntwerp hie in tal revolúsjonêre fernijings dy't fabrikant Martin de Collier Trophy yn 1932 besoarge: in ynwendich bommerûm draaiende mitrailleurkoepels ynlûkber lâningsgestel cowlings om de silinders, foar in bettere kuolling folslein fan metaal
It waard de standert foar alle lettere bommedragers.
De B-10 hat tsjinne by de Nederlânske Eastyndyske Loftmacht en ek by 7 oare loftmachten njonken dy fan de FS. De ûntwikkeling fan bommewerpers gie sa hurd dat de B-10 oan it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch ferâldere wie. B-10 B-squadrons wiene by de ynvaazje fan Sina en Nederlânsk-Ynje gjin partij foar de Mitsubishi Zero.
Technyske feiten Martin B-10A: Feiten Lingte 13,6 m Spanwiidte 21,5 m Wjokoerflak 63 m² Hichte 4,7 m Oandriuwing twa Wright R-1820-33 stjermotors fan 775 HK (578 kW) it stik Grutste faasje 346 km/o Fleanberik 2.200 km Bemanning ien piloat, twa skutters Tsjinstplafond 7.380 m Gewicht leech 4.391 kg Fleangewicht 7.440 kg Bewapening Trije 7,62-mm-Browning-MGs, 1.030 kg bommen
Keppeling om utens National Museum of the U.S. Air Force, artikel oer de B-10
B-10, Martin Kategory:Yntroduksje út 1932