thumb|Lokaasje gemeente De Bilt thumb|Lokaasje Maartensdijk yn de gemeente De Bilt Maartensdijk is in doarp en eardere gemeente yn de hjoeddeiske gemeente De Bilt, yn de provinsje Utert. It doarp hat 4.880 ynwenners (2021). De gemeente omfieme by de opheffing yn 2001 de doarpen Maartensdijk, Groenekan, Hollandsche Rading en Westbroek.
Maartensdijk is ûntstien yn in grut feangebiet tusken It Goai en de Utertse Fecht, dat it "Eastfean" neamd waard. Yn de 15e iuw dûkte de namme Maartensdijk foar it earst op, as in wetterwurk yn dat Eastfean. De delsetting dy't der yn de neikomende jierren omhinnegroeide krige op it lêst deselde namme. De gemeente besloech yn it earstoan hast it hiele Eastfean.
Oarspronklik wie Maartensdijk in lintdoarp by de Doarpswei lâns (dy't nei de ferfeanting fan it gebiet noch "de Sint Maartensdijk" neamd waard). Dy dyk wie ien fan de ûntginningsassen yn it ûntgûne feangebiet. Letter is it doarp sterk yn súdlike rjochting útwreide, wêrtroch it syn lintfoarm ferlern hat. Dochs is der nea in echte buorren ûntstien.
Boargemasters 1811-1847 Mr. Maurits Jacob Eyck van Zuylichem 1847-1866 Frans Nicolaas Marius Eyck van Zuylichem 1924-1935 C. van der Voort van Zijp 1973- na 1983 Mr. A.L.W.J. Panis (CDA) oant 2001 Mr. P.H.D.H. Diepenhorst
Ferneamde ynwenners Bas van der Vlies (1942-2021), âld-politikus (SGP, earder Twadde Keamerlid) Schelto van Heemstra (1807-1864), politikus
Keppelings om utens Maartensdijk online De Bilt Maartensdijk yn 'e Kuypersatlas.
Ofbylden
Kategory:Plak yn De Bilt Kategory:Eardere gemeente yn Utert