Fokker T.V 285px|Fokker T.V Makker Fokker Earste flecht 16 oktober 1937 Yn tsjinst/út tsjinst 1938/1940 Tal makke 19 Brûkers LuVA De Fokker T.V wie in twamotorige jachtkruser-bommesmiter fan Fokker. It wie doe in frij modern tastel dat brûkt waard troch de Nederlânske Loftfeart Ofdieling (LuVA). Yn 1935 wie it ûntwurpen as jachtkruser, om grutte gebieten langere tiid te beweitsjen, mar yn de maaiedagen fan 1940, doe't it idee fan jachtkruser al ferâldere wie, waard er as bommesmiter ynset.
Sechtsjin T.V's foarmen fan 1938 ôf ien squadron by de LuVA.
Technyske feiten Model:T-V (T 5).Bouwer:Fleanmasinefabryk Fokker, Amsterdam.Taak:Jachtkruser/bommesmiter.Bemanning:5 (kommandant-bommerjochter-observator, fleander, 2e fleander, radioman-skutter, boardskutter).OfmjittingsSpanwiidte:21 meter.Fleugeloerflak:66,2 kante meter.Lingte: 16 meter.Hichte: 5 meter.GewichtenLeechgewicht:4650 kg.Maks.gewicht:7250 kg.PrestaasjesMaks. faasje:417 km/o.Krúsfaasje:350 km/o.Tsjinstplafond:7700 m.Fleanberik:1550 km.Motors: 2 Bristol Pegasus XXVI, fan 925 hk it stikBewapening:1 Solothurn S-18/100 heal-automatysk (!) fluchfjoerkanon 20 mm yn 'e noaskoepel. 5 mitrailleurs 7,9 mm: op 'e rêch, yn sturtkoepel, beide sydkanten en ûnder de romp. 1000 kg bommen.
Te ferlykjen ûntwerpen Bristol Blenheim Bell YFM-1 Airacuda PZL.37 Los Messerschmitt Bf 110
Keppelings om utens Aeropedia side mei ynformaasje oer de T.V T.V-ynformaasje en it barren yn 'e Maaiedagen fan 1940
Kategory:Nederlânske bommesmiter Kategory:Nederlânske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Fokker Kategory:Yntroduksje út 1937