Vickers Wellesley 275px Rol Bommesmiter Makker Vickers-Armstrongs Untwerper Barnes Wallis Earste flecht 19 juny 1935 Yn tsjinst 1937 Ut tsjinst 1944 Tal makke 177 (1936–1938) Brûkers Royal Air Force, Egypte, Súd-Afrika Farianten 8
De Vickers Wellesley wie in lichte Britske bommesmiter út 1935.
Bou De romp en fleugels wiene makke as in geodetyske konstruksje fan aluminium spanten, bespand mei linnen. As motor waard in 925 PS Bristol Pegasus-XX tapast.
RAF De RAF bestelde 176 tastellen, dy't oant 1938 levere waarden.
By it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich wie it tastel al tige ferâldere, dat it waard mear brûkt oan it Jeropeeske front. Wol hat de Wellesley fan 1940 oant 1942 yn Afrika, Egypte en it Heine Easten operasjoneel west.
Lange-ôfstân Twa, mei ekstra brânstoftanks útriste en streamline, Wellesleys waarden ferneamd doe't der yn 1938 in lange-ôfstâns-flecht mei dien waard. Op 5 novimber 1938 fleagen twa Wellesleys sûnder stoppen yn twa dagen fan Egypte nei Darwin yn Austraalje. Dit wie in rekord; de ôfleine ôfstân wie 11.525 km.
Technyske feiten Der binne 8 farianten fan de Wellesley produsearre.
Vickers Wellesley Mk I: Ofmjittings Feiten Lingte 11.96 m Fleugelspanwiidte 22.73 m Draachoerflak 58.5 m² Hichte 3,75 m Motor ien Bristol Pegasus-XX-stjermotor mei 925 HK (690 kW) Heechste faasje 369 km/o Fleanberik 1.786 km Bemanning twa Tsjinsthichte 10.060 m Leechgewicht 2.889 kg Fleangewicht 5.035 kg Maks. Fleangewicht 5.670 kg Bewapening twa 7,7 mm Vickers-MGs, maks. 907 kg bommen
Keppeling om utens De Vickers Wellesley yn de British Aircraft Directory
Wellesley, Vickers Kategory:Vickers Kategory:Yntroduksje út 1935