Avro Lancaster 275px Rol Swiere bommesmiter Makker Avro Earste flecht 9 jannewaris 1941 Yn tsjinst febrewaris 1942 Ut tsjinst 1963 (Kanada) Farianten Avro Lancastrian Tal makke 7.377 Grutste brûkers RAF Royal Canadian Air Force, Royal Australian Air Force Trochûntwikkeling Avro York, Avro Lincoln
thumb|Avro Lancaster "S for Sugar" fan 463/467 Squadron RAAF yn it RAF Museum Hendon thumb|right|Fergelyking fan de Lancaster mei syn tiidgenoaten; de Short Stirling en de Handley Page Halifax. thumb|Avro Lancasters boppe Hamburch De Lancaster wie in 4-motorige swiere Britske bommewerper út de Twadde Wrâldkriich. De Lancaster waard foaral troch de Britske loftmacht brûkt, mar is ek troch oare lannen fan it Britske Mienebêst oankocht. In totaal fan 7.377 tastellen binne der makke.
De Lancaster wie in ûntjouwing út de twa-motorige Avro Manchester, en krige earst de namme 'Avro Type 683 Manchester III', mar waard letter Lancaster neamd. De earste testflecht wie op 9 jannewaris 1941 en doe die bliken dat it in grutte ferbettering wie foar syn foargonger oer.
Operasjoneel Yn de Twadde Wrâldkriich fleagen de Lancasters fan 1942 ôf 156.000 missys en smieten 608.612 ton oan bommen. Der binne totaal 3.249 Lancasters ferlern gien. De Lancaster dy't de measte missys op syn namme brocht fleach 139, en waard yn 1947 útrangearre. Dit tastel is fral ferneamd wurden troch it meidwaan oan operaasje Chastise yn 1943. Fierders hawwe Lancasters ferantwurdlik west foar it sinken fan it Dútske slachskip Tirpitz. De ûntwikkeling fan de Lancaster waard fuortset yn de Avro Lincoln, ek wol bekend as de Lancaster IV en V. Twa tastellen waarden nei de oarloch ynset by de loftbrêge nei Berlyn.
Lannen dêr't de Lancaster tsjinne hat Argentynje Austraalje Kanada Egypte Frankryk Nij-Seelân Poalen Feriene Keninkryk (1942-?) Sweden
Technyske feiten Avro Lancaster Mk. I Kenngröße Feiten Lingte 21,18m Hichte 5,97m Spanwiidte 31,09m Wjokoerflak 120,80m² Leechgewicht 16.705 kg Startgewicht 30.800 kg Startgewicht (maks.) 31.750 kg Oandriuwing Fjouwer Rolls-Royce Merlin XX linemotors fan 1.280 HK it stik Heechste faasje 448km/o op 5.600m hichte Krúsfaasje 338km/o Stiichfaasje 6.095m yn 41 min mei folsleine bommelading Maksimaal fleanberik 2.675km mei 6.350kg bommen Tsjinstplafond 7.467m Bemanning 7 man Bewapening Acht Browning masinegewearen kaliber 7,7 x 56 mm /.303 Britsk (7,7mm),oant 6.350kg bommen
Besibbe ûntwerpen Boeing B-17 Flying Fortress Consolidated B-24 Liberator Focke Wulf Fw 200 Handley Page Halifax Heinkel He 177A Heinkel He 177- Heinkel He 177B Junkers Ju 290 Messerschmitt Me 264 Petlyakov Pe-8 Piaggio P.108B Short Stirling Vickers Windsor
Keppeling om utens Warbirds ynformaasje oer de Lancaster
Kategory:Britske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Britske bommesmiter Kategory:Yntroduksje út 1941