Short Stirling 275px Rol Swiere bommesmiter en tôger fan sweefleantugen Makker Short Brothers, Rochester Short Bros. en Harland, Belfast Austin Motor Company Earste flecht 14 maaie 1939 Yn tsjinst febrewaris 1941 Ut tsjinst 1946 Farianten Tal makke 2.371 fan 1939–1945 Grutste brûkers RAF, Egyptyske Loftmacht thumb|275px|Ferliking fan de Stirling (giel) mei syn tiidgenoaten; de Avro Lancaster (blau) en de Handley Page Halifax (rôze). De Short Stirling wie de earste Britske fjouwer-motorige swiere bommewerper. De Stirling waard ûntwurpen en boud troch Bruorren Short nei spesifikaasje fan it Ministearje fan Loftmacht (Air Ministery) út 1936 en tsjinne fan 1941 ôf. It tastel wie mar efkes operasjoneel oan it Jeropeeske loftfront, mar hat de hiele oarloch troch second line duties dien, fan 1943 ôf. Doe waard er ferfongen troch nije fjouwer-motorige RAF bommewerpers, nammentlik de Handley Page Halifax en Avro Lancaster.

De Stirling hie in koart fleanberik, at er fol bommen laden wie, en koe net heech genôch komme om te foldwaan oan de easken fan flechten boppe Dútslân. De fleanders wiene wol tige te sprekken oar de Stirling fanwege de betrouberens en de manûvrearberens fan dizze fleanmasine.

De Stirling bleau goed te brûken as lesfleanmasine, wapendropper yn besette lannen en as tôger fan sweeffleanmasines (gliders) (sa as by de Slach om Arnhim) en sleepdoelen.

Technyske feiten fan de Short Stirling Mk.I

Feiten Prestaasje Operasjoneel 1940 oant 1945 Fabrikant Short Brothers Ltd Spanwiidte 30,22 m Lingte 26,32 m Hichte 6,93 m Leechgewicht ± 20.000 kg Startgewicht ± 27.000 kg Bemanning 7 of 8 man Grutste faasje 416 km/o Tsjinstfleanhichte 6.250 m Normaal berik 3.090 km Motoren fjouwer 1.590 HK Bristol Hercules XI dûbbelstjermotors Bewapening acht 7,7-mm M1919 Browning-masinegewearen, maks. 6.350 kg bommen

Keppeling om utens Austin & Longbridge Aircraft Production Peter van Gelderen's Stirling bomber website Stirling Bomber Crews and Their Experiences

Kategory:Britske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Britske bommesmiter Kategory:Yntroduksje út 1939