thumb|J.E. van Welderen Rengers Johan Edzart van Welderen baron Rengers (Ljouwert, 1877 – Ysbrechtum, 1963) wenne yn Ysbrechtum op Epemastate.
Hy studearre lânbou yn Denemark en oan de Universiteit fan Halle oan de Saale, dêr't er yn 1901 promovearre op it proefskrift Steatsbemuoiïng oangeande feefokkerij. Op yn oanstean waard tusken Tsjerkgaast en De Lemmer lân ûntgûn.
Fan 1907-1918 wie hy foarsitter fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou en fan 1906-1945 sekretaris fan it Frysk Rundfee Stamboek. As liberaal politikus wie hy lid fan de gemeenteried fan Wymbritseradiel, fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân en lid fan de Earste Keamer.
Dêrneist wie hy kurator fan it Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút en presidint-kurator fan de Universiteit fan Grins en fan de lânbouhegeskoalle yn Wageningen.
Kategory:Frysk lânboukundige Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk liberaal Kategory:Frysk gemeenteriedslid Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Earste Keamerlid Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ysbrechtum Kategory:Persoan berne yn 1877 Kategory:Persoan stoarn yn 1963