William Robert Fisher (1916 – Wurdum, 21 jannewaris 1943)Side oer William Robert Fisher op 'e webside fan it Komitee 4 en 5 Maaie wie twadde piloat fan in yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútsers oansketten Britske Wellingtonbommewerper. Hy makke mei gesachfierder George Emerson in needlanning by Wurdum. It slagge him mei muoite it tastel oer de huzen hinne te krijen, wêrtroch't it doarp foar in ramp bewarre bleaun is. Fisher stoar as iennichste fan de seiskoppige bemanning by de hurde lanning en is yn Wurdum te hôf brocht. De oare mannen dy't min of mear ferwûne wiene, hawwe oant de ein fan de oarloch yn Dútske kriichsfinzenskip trochbrocht.
Yn Wurdum binne nei him en George Emerson strjitten ferneamd.
Kategory:Ingelsk piloat Kategory:Ingelsk soldaat Kategory:Britsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje yn de loft Kategory:Persoan stoarn yn Wurdum Kategory:Persoan berne yn 1916 Kategory:Persoan stoarn yn 1943