thumb|right|200px|Annette Bening Annette Bening (Topeka (Kansas), 29 maaie 1958) is in Amerikaansk aktrise. Benning ferfarde al as bern nei Kalifornje. Nei de middelbere skoalle studearre hja Drama en debutearre yn it teäter mei Coastal Disturbances yn New York.
Har earste film wie de telefyzjefilm Manhunt for Claude Dallas yn 1986. Se ferskynde foar it earst op it wite doek yn 1988 yn de film The Great Outdoors. Har karriêre naam doe de guit en hja krige Oscar nominaasjes foar har rol yn The Grifters, 1990 en American Beauty yn 1999. Yn 2005 wûn se de Golden Globe foar bêste aktrise yn de komeedzje Being Julia.
Bening moete akteur Warren Beatty op de set fan Bugsy (1991), en hja boasken yn 1992. It pear hat fjouwer bern.
Filmografy (kar-út) 1986 - Manhunt for Claude Dallas (TV) 1988 - The Great Outdoors 1989 - Valmont 1990 - Postcards from the Edge 1990 - The Grifters 1991 - Regarding Henry 1991 - Bugsy 1994 - Love Affair 1995 - The American President 1995 - Richard III 1996 - Mars Attacks! 1999 - American Beauty 2003 - Open Range 2004 - Being Julia 2006 - Running with Scissors 2008 - The Women 2009 - Mother and Child 2010 - The Kids Are All Right 2012 - Ruby Sparks – (Ruby Sparks) 2012 - Ginger & Rosa 2012 - There Is No Place Like Home 2019 - Captain Marvel 2022 - Death on the Nile
Kategory:Amerikaansk toanielakteur Kategory:Amerikaansk stimakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Golden Globe-winner Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1958