Snoekeblêd (ek pileblêd, pilekrûd,Omodaka pylkblêd of pylkkrûd (Sagittaria sagittifolia) is in wetterplant út de weversblêdfamylje (Alismataceae). Kweekte foarmen komme út East-Aazje. De namme ferwiist faaks nei de blêdfoarm.
Beskriuwing It is in oerbliuwende, 70-100 sm hege moeras- of wetterplant mei knoleftich ferdikke, 4-5 sm grutte rizomen. De knollen binne aaifoarmich, wyt of grien fan kleur en bedekt mei skobben. De blêden binne pylkfoarmich, donkergrien, ûndield en langstâle. Under wetter binne de blêden ljochtgrien, lang en smel. Boppe wetter hawwe de blêden in dúdlike pylkfoarm. De trijekante stâlen kinne wol in heale meter boppe wetter útstekke. thumb|left|250px|Snoekeblêd
De plant bloeit fan july-septimber en hat yn de midden in brún oant donkerpears plak. De blommen groeie yn langhalige bloeiwizen. De blommen besteane út trije frije kroanblêden en trije griene tsjelkblêden. De fruchten binne lyts.
De plant kin temperatoeren oant -20 °C ferneare. De soarte groeit yn wetter tusken de 10-60 sm djip. It wetter moat neutraal oant licht basysk fan pH wêze.
Fersprieding De blommen binne ienslachtich. Manlike blommen sitte yn de boppeste krânsen fan de blom, froulike yn de ûnderste krânsen. De siedden ferspriede har driuwend oer it wetter. Se binne yn rêststeat en binne noch net by steat út te spruten. Pas at se bleatsteld binne oan in perioade fan lege temperatoeren kinne se kime. thumb|right|180px|Snoekeblêd
Ekologyske aspekten Yn de stâlestikken fan de plant dy't ûnder wetter sitte kinne gongen makke wurde troch larven fan de dûnsmiggen (Chironomidae). Ek slakken kinne de plant oantaaste. Boppe wetter binne de stâlen krekt wer gefoelich foar swarte lûs. thumb|left|250px|Snoekeblêd
Tapassings De setmoalhâldende, swiet aromatysk smeitsjende knoltsjes wurde yn Sjina en Japan as griente iten. De knoltsjes wurde skyld, yn lytse stikken snien en dan sean. Se binne in bestândiel fan in soad Aziatyske gerjochten. Yn de knollen sit 20% setmoal en 5% aaiwyt. Ek de jonge blêden binne ytber. De plant wurdt benammen kultivearre yn Sjina, Japan en Taiwan en op lytsere skeal yn Yndoneezje en Maleizje. It duorret seis oant sân moanne eardat de oanplante planten rispe wurde kinne.
Tún Yn de túnfiver kinne de planten of knollen it bêste yn de maitiid of hjerst yn kuorren of amers útplante wurde, sadat de planten ek maklik úttinne wurde kinne. Jou de plant in sinnich plak foar moaie blommen, al kin de plant ek wol wat skaad brûke. Troch de ôfmjitting is de plant net geskikt far lytse fivers.
Kategory:Plantesoarte Kategory:Snoekeblêd (famylje) Kategory:Wetterplant Kategory:Griente Kategory:Lânseigen floara yn Abgaazje Kategory:Lânseigen floara yn Armeenje Kategory:Lânseigen floara yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen floara yn Belgje Kategory:Lânseigen floara yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen floara yn Bulgarije Kategory:Lânseigen floara yn Denemark Kategory:Lânseigen floara yn Dútslân Kategory:Lânseigen floara yn Eastenryk Kategory:Lânseigen floara yn Estlân Kategory:Lânseigen floara yn Finlân Kategory:Lânseigen floara yn Frankryk Kategory:Lânseigen floara yn Fryslân Kategory:Lânseigen floara yn Georgje Kategory:Lânseigen floara yn Guernsey Kategory:Lânseigen floara yn Hongarije Kategory:Lânseigen floara yn Ierlân Kategory:Lânseigen floara yn Ingelân Kategory:Lânseigen floara yn Itaalje Kategory:Lânseigen floara yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen floara yn Jersey Kategory:Lânseigen floara yn Kazachstan Kategory:Lânseigen floara yn Kosovo Kategory:Lânseigen floara yn Kroaasje Kategory:Lânseigen floara yn Letlân Kategory:Lânseigen floara yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen floara yn Litouwen Kategory:Lânseigen floara yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen floara yn Moldaavje Kategory:Lânseigen floara yn Montenegro Kategory:Lânseigen floara yn Nederlân Kategory:Lânseigen floara yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen floara yn Noarwegen Kategory:Lânseigen floara yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen floara yn Poalen Kategory:Lânseigen floara yn Portegal Kategory:Lânseigen floara yn Roemeenje Kategory:Lânseigen floara yn San Marino Kategory:Lânseigen floara yn Servje Kategory:Lânseigen floara yn Sibearje Kategory:Lânseigen floara yn Sloveenje Kategory:Lânseigen floara yn Slowakije Kategory:Lânseigen floara yn Spanje Kategory:Lânseigen floara yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen floara yn Sweden Kategory:Lânseigen floara yn Switserlân Kategory:Lânseigen floara yn Tsjechje Kategory:Lânseigen floara yn Turkije Kategory:Lânseigen floara yn Wales Kategory:Lânseigen floara yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen floara yn Afganistan Kategory:Lânseigen floara yn Birma Kategory:Lânseigen floara yn Bûtan Kategory:Lânseigen floara yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen floara yn Fjetnam Kategory:Lânseigen floara yn Iran Kategory:Lânseigen floara yn Japan Kategory:Lânseigen floara yn Kanada Kategory:Lânseigen floara yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen floara yn Nepal Kategory:Lânseigen floara yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen floara yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen floara yn Pakistan Kategory:Lânseigen floara yn Sina Kategory:Lânseigen floara yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen floara yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen floara yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen floara yn Yndia Kategory:Lânseigen floara yn Yndoneezje