thumb|Sjollema yn 1828troch Berend Kunst Dirk (Durk) Piebes Sjollema (Terbantsterskâns, 6 july 1760 - It Hearrenfean, 23 desimber 1840) wie in autodidaktysk keunstskilder en ferver.
Sjollema skildere benammen skippen en stedsgesichten. Hy wenne op de Harrewâl nûmer 2. Wurk fan syn hân is yn it Frysk Museum, it Frysk Skipfeart Museum yn Snits, it Museum Willem van Haren op It Hearrenfean en it riedhûs fan Skarsterlân op De Jouwer.
Op de tentoanstelling 'Hûndert jier Fryske skilderkeunst', dy't yn 1947 hâlden waard, wienen fan him te sjen 'De wetterfloed fan febrewaris 1825', 'It binnenfallen fan in haven troch twa Fryske fartugen', 'In Fryske beurtman by stilte op de Sudersee en oare skippen', 'Silende skippen op see' en 'Sylskip op see', allegear eigendom fan it Frysk Museum. Dy skilderijen binne nei de trant fan dy tiid wat swier-romantysk en plaatsjeseftich. Se binne wichtiger as tiidsbylden as út artistyk eachpunt. As keunstner wie Sjollema net fan grut formaat, mar hy hie in soad bekendheid yn Fryslân.
Durk Sjollema wie boaske oan Sieuwke Heeres Walstra (1771-1854).
Galery
Keppeling om utens Dirk Sjollema by rkd.nl
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn Nijehaske Kategory:Persoan stoarn op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1760 Kategory:Persoan stoarn yn 1840