Danilo Di Luca (Spoltore, 2 jannewaris 1976) is in earder Italjaansk profesjoneel hurdfytser.
Hy begûn syn karriêre yn 1998 by de ploech Riso Scotti. Op 22 july 2009 kaam it berjocht nei bûten dat hy yn de Giro d'Italia in fariant fan it ferbeane middel epo brûkt hawwe soe en is dêrom troch de Ynternasjonale Hurdfytsuny op non-aktyf setten. Hy wie op dat stuit yn tsjinst fan Team LPR Brakes. In 2013 waard Di Luca op 'e nij trappearre op it brûken fan epo. Yn desimber dat jier waard er foar it libben skrast as hurdfytser.
Syn meast suksesfolle jierren wiene: 2005, mei winst yn de Omgong fan Baskelân, de Amstel Gold Race en de Waalske Pylk en 2007 mei de einoerwinning yn de Omgong fan Itaalje en winst fan de klassiker Luik-Bastenaken-Luik.
Dielname oan grutte omgongen Dielname oan de Omgong fan Frankryk 2003 - net finisht; 2006 - net finisht;
Dielname oan de Omgong fan Spanje 2000 - net finisht; 2001 - net finisht; 2002 - 20ste; winner 2e etappe 2004 - net finisht; 2006 - net finisht; winner 5e etappe
Dielname oan de Omgong fan Itaalje 1999 - net finisht; 2000 - net finisht; winner 5e etappe 2001 - 24stet; winner 4e etappe 2005 - 4e; winner 3e en de 5e etappe 2006 - 23ste; 2007 - 15px 15px 1e; winner 4e, en de 12e etappe 2008 - 7e; 2011 - 69e; 2013 - net finisht;
Ploegen 1999-2001 - Cantina Tollo 2002-2004 - Saeco 2005-2007 - Liquigas 2008-2009 - LPR 2011 - Katjoesja 2012 - Acqua & Sapone 2013 - Vini Fantini-Selle Italia
Kategory:Italjaansk hurdfytser Kategory:Winner fan de Omgong fan Itaalje Kategory:Persoan berne yn 1976