Henry Charles Bukowski (Andernach (Rynlân-Palts), 16 augustus 1920 - San Pedro (Kalifornje), 9 maart 1994) wie in Amerikaansk skriuwer en dichter fan Dútsk komôf. It steedlik lânskip en de atmosfear fan syn wenplak Los Angeles hiene in grutte ynfloed op syn wurk. Bukowski's styl is faak neifolge troch in tal tiidgenoaten. Hy wie in produktyf skriuwer, syn oeuvre omfiemet tûzenen gedichten, hûnderten koarte ferhalen en seis romans.

In soad wurk fan Bukowski hat in autobiografysk karakter; faak is er sels de persoan fan Henry (Hank) Chinasky. Syn wurk wurdt befolke troch bewenners fan de rûge buorren fan Los Angeles, lytse kriminelen, alkoholisten, huorren en gokkers. Syn poëzij is faak in frij fers, syn proaza hurd en direkt, fol fan skerpe dialogen.

Bibliografy (in kar-út) Romans Post Office (1971) () Factotum (1975) () Women (1978) () Ham on Rye (1982) () Hollywood (1989) Pulp (1994) ()

Ferhalen Erections, ejaculations, exhibitions and general tales of ordinary madness (1972) ()

Filmsenario's Barfly (1987)

Dichtbondels Play the Piano Drunk Like a Percussion Instrument Until the Fingers Begin to Bleed a Bit (1979)

Keppelings om utens Yn it Hollânsk oersetten boeken fan Charles Bukowski yn de Keninklike Bibleteek Folsleine bibliografy

Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk dichter Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk senarioskriuwer Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Poalsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1920 Kategory:Persoan stoarn yn 1994