Foarfallen 1 jannewaris - De ymport fan slaven yn de Feriene Steaten wurdt ferbean. 5 jannewaris - De nije gûverneur-generaal Herman Willem Daendels komt yn Batavia oan. Hy set fuortendaliks út ein mei de oanlis fan de Grutte Postwei. Troch in spartaanske rezjym slagget dat binnen it jier. 15 jannewaris - Stoarmfloed mei oerstreamings yn Nederlân en Flaanderen. De binnenstêd fan Flissingen strûpt ûnder, mei 31 deaden fan gefolgen. 31 jannewaris - De Frânske maarskalk Auguste de Marmont ferklearret de Republyk Ragûsa foar opheft, wêrnei't it grûngebiet fan 'e Ragûsa ynkorporearre waard yn it (Napoleontyske) Keninkryk Itaalje.

Berne 12 maart - Gerrit van de Linde ("De Schoolmeester"), Nederlânsk dichter († 1858) 25 maart - Cornelis Bernardus Buijs, Nederlânsk keunstskilder († 1872) 25 maart - José de Espronceda, Spaansk dichter en skriuwer († 1842) 20 april - keizer Napoleon III fan Frankryk († 1873) 22 juny - Pieter Benjamin Vegilin van Claerbergen, Frysk politikus en grytman († 1879) 27 juny - Everhardus Johannes Potgieter, Nederlânsk skriuwer († 1875) 29 desimber - Andrew Johnson, presidint fan 'e Feriene Steaten († 1875)

Ferstoarn 7 febrewaris - Jan van Os, Nederlânsk keunstskilder (* 1744) 13 maart - kening Kristiaan VII fan Denemark (* 1749) 12 maaie - Ype Staak, Frysk glêsskilder, boumaster en boargemaster (* 1717)

Byldzjende keunst

Kategory:19e iuw