thumb|Henk Angenent
Hendrik Cornelis (Henk) Angenent (Woubrugge, 1 novimber 1967) is in maratonrider, dy't yn 1997 de winner wie fan de Alvestêdetocht.
Henk Angenent is reedrider en sprútsjeskweker út Woubrugge. In pear jier foar de Alvestêdetocht fan 1997 hie er lykwols in wenhûs yn Alfen oan de Ryn naam. Hy wûn ferskate grutte wedstryden, mei as hichtepunt op 4 jannewaris 1997 de Fyftjinde Alvestêdetocht.
Yn 2002 begûn er ta te wurkjen nei in wrâld-oererekord. Dat gong sa hurd dat er 2003 ek talitten waard ta it nasjonaal kampioenskip ôfstannen, dêr't er de 10 kilometer wûn. Op 12 maart 2004 hat er yn Calgary it wrâld-oererekord festige, mei 41 kilometer, 669 meter en 49 sintimeter.
Resultaten jierNK OfstannenWK Ofstannen 2003 7e 5000m 10000m 4e 10000m 2004 20e 5000m 10e 10000m - 2005 14e 5000m 4e 10000m - 2006 13e 5000m 6e 10000m
Kategory:Nederlânsk túnker Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Alvestêdetochtrider Kategory:Persoan berne yn 1967