Taalkunde, taalwittenskip of linguïstyk is de stúdzje op it mêd fan minsklike talen. As it net om in spesifike taal giet mar om taalwittenskip yn it algemien, dan prate wy fan algemiene of universele taalwittenskip. Ofhinklik fan de ynfalshoeke fan de ûndersiker en eventueel it ûnderdiel fan de linguïstyk, wurdt linguïstyk ta ferskillende tûken fan de wittenskip rekkene, lykas kognysjewittenskip, psychology, en antropology.
Elemintêre fragen
Hoe is de taal opboud? Hoe wurket in taal? Hokker eleminten ferbine de natuerlike talen? Hokker typen talen binne der?
Dielmêden Universele taalwittenskip Skematysk fan lyts nei grut wurdt de opbou fan in taal oanjûn mei klanken, morfemen, wurden, sinnen en teksten of discourses. De ûnderskate dielmêden fan de universele taalkunde binne: Fonetyk, lûdlear Fonology, lûdlearsysteem Morfology, wurdbou en bûging Pragamatyk, taalbrûkme troch yndividu Syntaksis, wurdgroepen en sinnen Semantyk, betsjuttingslear Tekstlinguïstyk, tekststruktuer, funksje en funksjonearjen fan teksten en dielen dêfan
Ferlykjende taalwittenskip
Etymology, komôf fan de wurden Taaltypology, ûndersyk nei taaltypen/kloften
Kategory:Taal