thumb|Jamie Lee Curtis, 1989 Jamie Lee Haden-Guest, sûnt 1996 baronesse Haden-Guest, (Santa Monica (Kalifornje), 22 novimber 1958) is in Amerikaansk filmaktrise en berneboeke skriuwster. Sy brûkt as aktrise har famkesnamme Jamie Lee Curtis. Curtis wûn ûnder oaren Golden Globes foar har rollen yn[Anything But Love en True Lies, yn American Comedy Award, yn Saturn Award (beide foar True Lies) en yn BAFTA Award foar Trading Places.
Curtis is in dochter fan de akteurs Tony Curtis en Janet Leigh. Har earste film betsjutte fuortendaliks har trochbraak: Halloween, 1978. Curtis spile letter ek yn koartswilige films, bygelyks as Ophelia yn Trading Places (mei Eddie Murphy en Dan Aykroyd) en yn A Fish Called Wanda, as minnares fan John Cleese. Mar dan yn 1985 wer yn in romantyske dramafilm Perfect mei John Travolta. Nei Halloween II hat hja dy rige earst farwol sein, mar 17 jier letter wie se wol wer ree foar de rol fan Laurie Strode yn wilens it sânde part fan Halloween, Halloween H20: 20 Years Later. De makkers fan Scream 3 (2000) hawwe noch besocht om Curtis oer te heljen foar in gastoptreden yn harren film, mar dit oanbod hat hja ôfslein. Yn Halloween: Resurrection (2002) wie sy wol wer mei yn de kompe.
Op 18 desimber 1984 troude Curtis mei akteur Christopher Guest. Sy adoptearren yn 1986 in famke Annie en yn 1996 soan Thomas. Doe't Guests heit yn 1996 kaam te ferstjerren, erven hy en syn frou de titel fan baron en barones.
Filmografy Jier Film Rol oantekenings 1978 Halloween Laurie Strode 1980 The Fog Elizabeth Solley Prom Night Kim Hammond Terror Train Alana Maxwell 1981 Roadgames Pamela 'Hitch' Rushworth Halloween II Laurie Strode 1982 Halloween III: Season of the Witch Tillefoaniste stim 1983 Trading Places Ophelia BAFTA Award for Best Actress in a Supporting Role 1984 Love Letters Anna Winter Terror in the Aisles archival footage Grandview, U.S.A. Michelle 'Mike' Cody 1985 Perfect Jessie Amazing Grace and Chuck Lynn Taylor 1988 Dominick and Eugene Jennifer Reston A Fish Called Wanda Wanda Gershwitz Nominearre - BAFTA Award for Best Actress in a Leading RoleNominearre - Golden Globe Award for Best Actress - Motion Picture Musical or Comedy Halloween 4: The Return of Michael MyersLaurie Strode allinnich op in foto 1990 Blue Steel Megan Turner 1991 Queens Logic Grace My Girl Shelly DeVoto 1992 Forever Young Claire Cooper 1994 My Girl 2 Shelly DeVoto Sultenfuss 1994 Mother's Boys Judith 'Jude' Madigan 1994 True Lies Helen Tasker Golden Globe Award for Best Actress - Motion Picture Musical or ComedyNominearre - Screen Actors Guild Award - Best Supporting Actress 1996 House Arrest Janet Beindorf 1997 Fierce Creatures Willa Weston 1998 Halloween H20: 20 Years Later Laurie Strode/Keri Tate Nicholas' Gift Maggie Green 1999 Virus Kelly Foster 2000 Drowning Mona Rona Mace 2001 The Tailor of Panama Louisa Pendel 2002 Halloween: Resurrection Laurie Strode 2003 Freaky Friday Tess Coleman Nominearre - Golden Globe Award for Best Actress - Motion Picture Musical or Comedy 2004 Christmas with the Kranks Nora Krank 2005 The Kid & I Harsels 2008 Beverly Hills Chihuahua Muoike Viv 2010 You Again Gail 2012 NCIS - Dr. Samantha Ryan (telefyzjerige) 2015 Scream Queens - Dean Munsch (telefyzjerige}
Berneboeken Yn 'e mande mei illustrator Laura Cornell, hat Curtis in tal berneboeken makke.
When I was Little: A Four-Year Old's Memoir Of Her Youth, 1993. Tell Me Again About The Night I was Born, 1996. Today I Feel Silly, and Other Moods That Make My Day, 1998; listed on the New York Times 9 wike op de best-ferkoch list. Where Do Balloons Go?: An Uplifting Mystery, 2000. I'm Gonna Like Me: Letting Off a Little Self-Esteem, 2002. It's Hard to Be Five: Learning How to Work My Control Panel, 2004. Is There Really A Human Race?, 2006. Big Words for Little People, ISBN 978-0-06-112759-5, 2008. My Friend Jay, 2009, ien printinge, oanbean oan Jay Leno
Keppeling om utens Ynterview mei Jamie Lee Curtis
Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk stimakteur Kategory:Amerikaansk berneboekeskriuwer Kategory:Amerikaansk filantroop Kategory:Homorjochte-aktivist Kategory:Golden Globe-winner Kategory:Amerikaansk persoan fan Deensk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Hongaarsk-Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1958