Herman Wiersinga (Wormer, 28 maart 1927 - 20 septimber 2020) Deaberjocht Herman Wiersinga. Argivearre op 29 july 2023. wie in Nederlânske predikant en teolooch. Hy studearre teology oan de Frije Universiteit te Amsterdam. Hy wie dûmny yn de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân yn Lewedorp (1952-1955), Gint (1955-1961) en op Kurasau (1961-1966). Dêrnei waard er studintepredikant te Amsterdam en Leien.

Hy rekke bekend troch syn publikaasjes oer fersoening dy't laat hawwe ta drok petear yn de tsjerken en op ferskate synoades. Wiersinga wiisde nammentlik de klassyk-grifformearde lear fan 'fersoening troch foldwaning' ôf, dêr't steld wurdt dat minsken mei God fermoedsoene wurde om't Jezus Kristus oan it krús plakferfangend betelle foar de skuld dy't de minsken foar God oer hawwe.

Mei Harry Kuitert (1924-2017) wie er ien fan de meast kontroversjele grifformearde teologen fan de 20e iuw.

Herman Wiersinga wie troud mei Cootje van der Burg (1928 – 2013). It pear krige seis bern, wêrfan 't de jongste krekt nei de berte stoar. Wiersinga stoar yn de âlderdom fan 93 jier.

Publikaasjes De verzoening in de theologische discussie (dissertaasje) - Kampen 1971 Verzoening als verandering - Kampen 1972 Verzoening met het lijden? - Kampen 1975 Je kunt beter geloven. Het geloofsmodel in de brief aan de Hebreeën - Baarn 1978 Doem of daad. Een boek over zonde - Baarn 1982 Geloven bij daglicht - Baarn 1992 Op ooghoogte. Portret van een postmodern geloof - Zoetermeer 2000 De vitale vragen van Bonhoeffer - Zoetermeer 2004 Verzoening als affaire - Utert 2016

Kategory:Nederlânsk predikant Kategory:Nederlânsk teolooch Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Persoan berne yn 1927 Kategory:Persoan stoarn yn 2020