Ype Schaaf (Ljouwert, 12 april 1930 – Utert, 16 augustus 2003) wie in Nederlânsk predikant en sjoernalist fan Frysk komôf.
Schaaf waard yn 1959 sindingspredikant yn Kameroen nei in stúdzje teology oan de Ryksuniversiteit Grins. Doe't er werom kaam yn Nederlân yn 1968 kaam er yn tsjinst fan it Nederlands Bijbelgenootschap.
Tusken 1977 en 1990 foarme er mei Sytze Faber de haadredaksje fan it Friesch Dagblad. Hy skreau ferskate boeken, dêr't in stikmannich fan yn it Frânsk oerset binne.
Tema's dêr't er him mei dwaande hâlden hat wiene de Kristlike sinding, Afrika, Fryslân, evangeelje en kultuer. Foar de NCRV-omrop ferskynde er út en troch op telefyzje. Koart foar syn hommels ferstjerren wie er noch begûn oan in proefskrift.
Publikaasjes Laarzen op de Lange Pijp. Leeuwarden in de Tweede Wereldoorlog (1994) De Afrikaanse weg van Jezus (1995) De blanke is gek (autobiografy) (2002)
Trivia Yn septimber 1996 kaam Schaaf yn opspraak, troch in fragmint fan in ynterview op NieuwsTV, dêr't er yn 'e gong wei, in jonkje dat efter him yn byld ferskynde, in klap yn it gesicht ferkeape.Ljouwerter Krante, 11 septimber 1996, haadside
Keppelingen om utens Gesproken bijbel wordt erg belangrijk in derde wereld - Trouw, 4 oktober 1972 Afrikaan voelt zich thuis in Oude Testament - Ljouwerter Krante, 20 januari 1990 Ik vertaal alles naar Opoe toe - Trouw, 8 oktober 1990
Noaten
Kategory:Frysk predikant Kategory:Frysk sindeling Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk publisist Kategory:Nederlânsk predikant Kategory:Nederlânsk sindeling Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:NCRV-wurknimmer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1930 Kategory:Persoan stoarn yn 2003