Albertina Soepboer (Holwert, 3 desimber 1969) is in Frysk/Nederlânsk skriuwster. Hja studearre yn Grins Spaansk en Frysk en hja bleau oant 2006 yn dy stêd. Se wennet en wurket yn Harns. Se publisearret sawol yn it Frysk as it Nederlânsk.
Yn 1995 makke se har debút mei de Frysktalige bondel Gearslach. Oant no ta ferskynden 14 dichtbondels fan Albertina Soepboer. Dêrneist publisearre se in roman en ferskate ferhalebondels. As dichter hat se teksten skreaun foar de Fryske fadosjongeres en aktrise Nynke Laverman en wurke se tegearre mei it Rubens Kwartet.
Soepboer wie redakteur fan Trotwaer en levere bydragen oan Schrijver & Caravan, Gratis Literair Blaadje en Millennium.
Wurk Poëzy Gearslach (1995) De hengstenvrouw (1997) De twirre yn 'e tiid (1997) It nachlân (1998) De tweelingzus: gedichten útjûn ta gelegenheid fan Koppermaandag (1999) De stobbewylch (2000) De dieptering (2001) Moeder Spin (2002) De fjoerbidders (2003) Het nachtland ; De knotwilg (2003) Zone (2005) Kearsinne (2006) De trektocht (2010) Amsterdam, Atlas/Contact. ISBN 978-90-254-3539-4 Bezonken (2014) Amsterdam, Atlas/Contact. ISBN 978-90-254-4337-5 Herbarium (2014) Vertakkingen (2019) Amsterdam, Atlas/Contact. ISBN 978-90-254-4618-5
Ferhalen Krystman (2003) De komst fan Sint Anthonius (2005) Reistiid (2008)
Roman De seemearmin (2012)
Toaniel Fjoer yn ‘e kop : ienakter foar jongerein (1999) Vuur in de kop (oersetting: troch Goaitsen en Heike van der Vliet) (2003) De Groote Storm : De Grutte Stoarm (2005) Woartels (2005) Maisfrou (2005)
Prizen Rely Jorritsmapriis 1996 foar it fers Kâldfjoer Rely Jorritsmapriis 1997 foar it fers De skulp Rely Jorritsmapriis 1998 foar it fers Flearlân Rely Jorritsmapriis 2003, foar it ferhaal Dy griene neisimmer.
Sjoch ek Fryske dichters Nederlânsktalige dichters.
Keppeling om utens Webstee Sirkwy oer Albertina Soepboer Albertine Soepboer yn de DNBL
Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Holwert Kategory:Persoan berne yn 1969