Henk Veenstra (±1980) wie basgitarist fan The Amp. Tegearre mei Fre de Vries wie er ek aktyf as it duo Swier Izer. Tsjintwurdich is er fotograaf yn Grins en bassist fan de band Spitkate.

Hy folge de HTS (elektroanika) en studearre oan de Akademy Minerva yn Grins ôf yn de fotografyske rjochting.

Hy wurket foar ferskate kommersjele opdrachtjouwers en is dêrnjonken aktyf as fotograaf yn pop- en skriuwersfermiddens yn Grins. Sa fersoarge hy ûnder oaren de foto's en grafysk wurk foar in tal projekten fan Meindert Talma (û.o. Dammen met ome Hajo, De Blauwe Fedde en Leave Stumper)

Keppeling om utens http://www.henx.nl http://www.myspace.com/spitkate

Kategory:Frysk fotograaf Kategory:Frysk muzikant Kategory:Frysk gitarist Kategory:Frysk sjonger Kategory:Sjonger yn it Frysk Kategory:Nederlânsk fotograaf Kategory:Nederlânsk muzikant Kategory:Nederlânsk gitarist Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn de 20e iuw Kategory:Akademy Minerva