Clint Eastwood (folút: Clinton Eastwood jr.; San Francisco, 31 maaie 1930) is in Amerikaansk akteur, filmregisseur, filmprodusint, komponist fan filmmuzyk en earder politikus. Hy sette yn 1955 útein mei in aktearkarriêre, en briek yn 1959 troch mei de rol fan Rowdy Yates yn 'e westernsearje Rawhide. Neitiid spile er yn 'e 1960-er jierren yn ferneamde spagettywesterns as A Fistful of Dollars, For a Few Dollars More en The Good, the Bad and the Ugly, en yn 'e 1970-er en 1980-er jierren yn al like ferneamde plysjefilms as Dirty Harry, Magnum Force en The Dead Pool. Sokke rollen hawwe fan Eastwood in kultureel ikoan fan manlikheid makke. Hy spile ek yn 'e westernfilms The Outlaw Josey Wales, High Plains Drifter, Pale Rider en Unforgiven, de oarlochsfilm Where Eagles Dare, de psychologyske skriller Play Misty for Me, de aksjefilm In the Line of Fire, de skrillers Absolute Power en Blood Work, it romantysk drama The Bridges of Madison County, it sportdrama Million Dollar Baby en de dramafilm Gran Torino. Foar Unforgiven en Million Dollar Baby wûn Eastwood beide kearen sawol de Oscar foar bêste regisseur as dy foar bêste film. As eigner fan syn eigen filmstudio, Malpaso Productions, regissearre en produsearre er ek films dêr't er sels net yn spile, lykas it detektivedrama Mystic River, de oarlochsfilm Letters from Iwo Jima en de sportfilm Invictus. Fierders skreau er gauris sels de filmmuzyk foar syn produksjes. Njonken syn karriêre yn 'e filmyndustry wie Eastwood fan 1986 oant 1988 ek boargemaster fan syn wenplak Carmel-by-the-Sea.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Eastwood waard yn 1930 berne yn San Francisco, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de soan fan Clinton Eastwood sr. (1906-1970) en dy syn frou Ruth Runner (1909-2006). Syn mem naam letter de efternamme oan fan har twadde man John Belden Wood (1913-2014), mei wa't se troude nei it ferstjerren fan 'e heit fan Clint Eastwood. By syn berte weage Eastwood 5,2 kg, en dêrom joegen de ferpleechsters yn it sikehûs dêr't er te wrâld kommen wie, him de bynamme 'Samson', nei de bibelske rjochter dy't bekend stie om syn lichemskrêft. Hy hat in jongere suster, Jeanne Bernhardt (1934), en hy is fan mingd Iersk, Ingelsk, Skotsk en Nederlânsk etnysk komôf. Hy stammet ôf fan û.m. William Bradford, in gûverneur fan 'e iere Plymouthkoloanje, dy't mei it ferneamde skip de Mayflower de Atlantyske Oseaan oerstiek. Yn 'e line fan Bradford fertsjintwurdiget Eastwood de tolfde generaasje dy't yn Noard-Amearika berne is.

Yn syn iere jonkheid ferhuze Eastwood gauris, mei't syn heit ferskate banen efterinoar hie by de hiele westkust fan 'e Feriene Steaten lâns. Yn 1940, doe't Eastwood tsien jier wie, sette de húshâlding him lykwols foargoed nei wenjen yn Piedmont (Kalifornje), dêr't Eastwood fierder opgroeide. Hoewol't er letter yn ferskate fraachpetearen úthâlde soe dat er ek dêrnei noch allegeduerigen ferhuze wie, is it eins sa dat er fan 1940 oant 1949 ûnôfbrutsen yn Piedmont wenne. It hûs fan 'e Eastwoods stie yn in tige begoedige part fan it stedsje, en omfette in eigen swimbad. De beide âlden wiene lid fan 'e pleatslike country club en hiene elts in eigen auto.

Eastwood makke yn Piedmont de middelskoalle ôf oan 'e Piedmont Middle School, dêr't er fanwegen minne sifers in kear sitten bleau en in skoaljier oerdwaan moast. Fan jannewaris 1945 oant teminsten jannewaris 1946 folge er fuortset ûnderwiis oan 'e Piedmont High School, dêr't er fan skoalle stjoerd waard om't er in obsene suggestje rjochte oan in learkrêft op it skoareboerd fan it sportfjild skreaun hie, en om't er in pop dy't in oare dosint foarstelle moast, begroeven hie op it gazon fan 'e skoalle. Eastwood gie doe nei de Oakland Technical High School, dêr't er yn jannewaris 1949 foar syn eineksamens slagje moatten hie, hoewol't it ûndúdlik is oft er dat ek wier dien hat. Ferskate doetiidske freonen fan Eastwood hawwe yn fraachpetearen oanjûn dat er tsjin dy tiid fierstente drok mei oare dingen wie om him om syn skoaleksamens te bekroadzjen, en de útslach fan middelbere-skoaleksamens wurdt yn 'e Feriene Steaten beskôge as strang fertroulike ynformaasje, sadat it foar bûtensteanders net nei te gean is.

Nei't er fan skoalle gien wie, hie Eastwood in ferskaat oan banen, wêrûnder strânwacht, winkelbetsjinde yn in krudenierssaak, brânspuitman foar de bestriding fan boskbrannen en golfcaddy. Neffens Clintwood sels woed er him yn 1951 ynskriuwe litte oan 'e Universiteit fan Seattle, mar waard er doe oproppen foar de tsjinstplicht ûnder de Koreaanske Oarloch. Syn eardere partner Sondra Locke sei dêroer yn in fraachpetear: "Hy neamde altyd de Koreaanske Oarloch as er dat sei, yn 'e hope dat eltsenien oannimme soe dat er oan it front tsjinne hie en de iene of oare held wie. Mar eins brocht er syn hiele skoft yn it leger troch as strânwacht yn Fort Ord yn noardlik Kalifornje." Neffens Don Loomis, in maat fan Eastwood op 'e middelbere skoalle, gie Eastwood yn dy snuorje om mei in dochter fan in ofsier yn Fort Ord, dy't him de hân boppe de holle holden hawwe soe as der soldaten nei Koreä stjoerd wurde moasten. Yn dyselde snuorje regele Eastwood dat er ûnder syn ferlof yn Seattle in ôfspraakje mei in frommeske hie. Op 'e weromweis nei Fort Ord wied er in passazjier yn in Douglas A-1 Skyraider-bommesmiter dy't sûnder brânstof kaam te sitten en by Point Reyes yn see delstoarte. Eastwood en de piloat brûkten in rêdingsflot om mei help dêrfan 3,2 km nei de kust te swimmen.

Karriêre yn 'e filmyndustry Iere jierren Wylst Eastwood legere wie yn Fort Ord, waarden dêr op in stuit opnamen makke foar in produksje fan Universal Studios. In assistint, neffens Eastwood syn offisjele biografy in Chuck Hill, dy't sels ek yn Fort Ord legere wie mar kontakten yn Hollywood hie, nûge Eastwood doe út om yn 'e kunde te kommen mei de regisseur. Dat wie de earste kear dat Eastwood yn oanrekking kaam mei de filmyndustry. It spriek him wol oan, en nei't er syn tsjinstplicht ferfolle hie, sette er nei Los Angeles ta, dêr't er Hill wer opsocht. Dyselde smokkele him it filmstudiokompeks fan Universal binnen en stelde him foar oan kameraman Irving Glassberg, dy't him in audysje besoarge by regisseur Arthur Lubin. Lubin wie tige ûnder de yndruk fan Eastwood syn uterlik en syn lingte fan 1.93 m, mar hy wie min te sprekken oer syn feardichheden op it mêd fan aktearjen. Dêrom rette er him oan om earst mar ris aktearlessen te folgjen, wêrnei't er him yn april 1954 in kontrakt oanbea foar $100 yn 'e wike. Foar syn earste lytse roltsjes krige Eastwood in protte krityk om syn stive manear fan aktearjen en om't er syn teksten útspriek suver sûnder dat er de tosken faninoar die, wat neitiid beide libbenslange hannelsmerken fan him waarden.

Yn maaie 1954 hie Eastwood syn earste echte audysje, foar in rol yn 'e film Six Bridges to Cross, mar hy waard ôfwiisd troch regisseur Joseph Pevney. Nei om 'e nocht op ferskate oare audysjes gien te wêzen, bemachtige er úteinlik in lyts roltsje as in laboratoariumanalist yn 'e horrorfilm Revenge of the Creature (1955), fan regisseur Jack Arnold, dat in ferfolch wie op it bekendere The Creature from the Black Lagoon. Hy hie ek in lyts roltsje as de lieder fan in strieljagersquadron yn in oare horrorfilm fan Jack Arnold, Tarantula (1955). Yn septimber 1954 wurke Eastwood trije wiken lang mei oan Lady Godiva of Coventry (1955), fan Arthur Lubin, en yn febrewaris 1955 hied er in lytse rol yn 'e film Francis in the Navy, oer it pratende mûldier Francis. Dêrnei hied er yn maaie 1955 fjouwer oeren wurk oan in lytse rol yn 'e film Never Say Goodbye, en datselde jier spile er ek in cowboy yn syn earste westernfilm Star in the Dust.

Op 2 july 1955 liet Universal Eastwood foar it earst op 'e tillefyzje spylje, yn 'e tillefyzjefilm Allen in Movieland, mei û.o. komyk Steve Allen, akteur Tony Curtis en muzikant Benny Goodman. Hoewol't Eastwood dúdlik foarútgong boekte yn syn ûntwikkeling as akteur, beëinige Universal syn kontrakt op 23 oktober 1955. Neitiid skreau Eastwood him yn by it ympressariaat Marsh Agency, en hoewol't Lubin him syn grutste rol oant doe ta joech yn 'e film The First Traveling Saleslady (1956), en him letter ek oannaam foar in rol yn Escapade in Japan (1957), wie it yn dy snuorje foar Eastwood dreech om finansjeel troch de tiid te kommen. Op oanrieden fan Irving Leonard, syn boekhâlder, stapte Eastwood yn 1956 oer nei it Kumin-Olenick Agency, en yn 1957 nei it ympressariaat fan Mitchell Gertz. Hy hie yn dy tiid ferskate lytse rollen op 'e tillefyzje, as in lid fan in motorbinde yn in ôflevering fan Highway Patrol, as in kadet oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy yn in ôflevering fan The West Point Story, en as in goudsiker mei selsmoardnigings yn seis ôfleverings fan Death Valley Days.

Yn 1958 fertolke Eastwood de rol fan in luitenant-op-see yn in ôflevering fan 'e rige Navy Log, en begjin 1959 wied er te sjen yn 'e gastrol fan in leffe smjunt dy't inkeld mei in ryk fanke trouwe wol om har jild, yn 'e westernsearje Maverick, as tsjinspiler fan James Gardner. Fierders hied er yn 1958 in lyts roltsje yn 'e Frânske film Lafayette Escadrille, en spile er datselde jiers in wichtige rol as âld-militêr fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika yn 'e western Ambush at Cimarron Pass. Eastwood fertelde letter dat er dat in freeslike film fûn en dat er syn eigen oandiel dêroan as it abslute djiptepunt fan syn aktearkarriêre beskôge.

Trochbraak Yn 1958 waard Eastwood cast yn 'e rol fan Rowdy Yates yn 'e westersearje Rawhide. Hy wie net alhiel lokkich mei it personaazje dat er spile, want mei't er sels tsjin dy tiid al omtrint trichtich jier wie, fielde de jonge Rowdy (likernôch 20) foar him te jong en knoffelich oan. Nettsjinsteande dat naam er de rol fansels al oan, want yn dy tiid hied er der finansjeel it frij net ta om rollen te wegerjen. De opnamen begûnen yn 'e simmer fan 1958 yn Arizona, en de útstjoerings setten yn 1959 útein. Hoewol't Rawhide nea in Emmy Award wûn (de wichtichtste Amerikaanske tillefyzjepriis), ûntjoech it him binne trije wiken ta ien fan 'e populêrste programma's dy't doedestiden op 'e Amerikaanske tillefyzje wiene. De searje rûn dêrmei út op in grut súkses, en waard neitiid as ikoanysk beskôge. Foar Eastwood betsjutte dat de trochbraak dêr't er al fiif jier om socht. Oan it begjin fan 'e searje fertsjinne er $750 de ôflevering, en oan 'e ein $119.000 de ôflevering.

Rawhide rûn fan 1959 oant en mei 1965, en dat wie de swierste tiid fan Eastwood syn aktearkarriêre, mei't de opnamen faak seis dagen yn 'e wike trochgiene mei wurkdagen fan soms wol tolve oeren. Nettsjinsteande dat krige er fan guon regisseurs dochs noch te hearren dat er net hurd genôch wurke. Eastwood sette yn dy tiid sels ek de earste stappen as regisseur troch ferskate trailers foar de searje op te nimmen, mar it slagge him net de filmprodusinten te bepraten om him ek ris in ôflevering regissearje te litten. Tsjin 1963 begûnen de ideeën foar nije ôfleverings op te reitsjen en fan dat punt ôf giene de sjochsifers omleech. Uteinlik waard yn 'e midden fan it tillefyzjeseizoen 1965-1966 besletten om 'e searje stop te setten.

Ein 1963 wiisde Eric Fleming, ien fan Eastwood syn kollega-akteurs yn Rawhide, in oanbod ôf om 'e haadrol te spyljen yn in spagettywestern mei de titel A Fistful of Dollars, dy't yn in ôfhandige úthoeke fan Spanje opnommen wurde soe mei de ûnbekende Italjaan Sergio Leone as regisseur. Dêrop rette akteur Richard Harrison oan Leone oan om 'e haadrol oan Eastwood oan te bieden, mei't er wist dat dy in oertsjûgjende cowboy delsette koe. Eastwood seach yn A Fistful of Dollars benammen de kâns om te ûntkommen oan syn Rawhide-imago, mei't it him, sa seid er letter yn in fraachpetear, danich ta de kiel úthong "om hieltyd wer de tradisjonele held spylje te moatten dy't aloan en mar wer âlde wyfkes en hûnen tutet en Jan en alleman freonlik behannelet. Ik besleat dat it tiid waard om ris in antyheld te wêzen."