Pamela Anderson (folút: Pamela Denise Anderson; Ladysmith (Britsk-Kolumbia), 1 july 1967) is in Kanadeesk-Amerikaansk aktrise, model en aktiviste, dy't ein tachtiger jierren bekend waard mei fotoreportaazjes as neakenmodel yn 'e Playboy. Neitiid wist se dy bekendheid om te setten yn in karriêre as aktrise, mei rollen yn tillefyzjesearjes as Maried… with Children, Days of Our Lives en Home Improvement. Ynternasjonaal waard Anderson yn 'e 1990-er jierren ferneamd om har haadrol as C.J. Parker yn 'e aksje-dramasearje Baywatch. Mei troch in stellen sekstape groeide se út ta in wier sekssymboal. Se waard noch faak weromfrege troch Playboy. Sadwaande hat Anderson noch altyd it rekôr as frou dy't it measte op 'e omslach fan dat neakenblêd stien hat. Letter spile se de haadrol yn har eigen tillefyzjesearjes V.I.P. en Stacked, en ek wie se te sjen yn films as Raw Justice, Barb Wire en Blonde and Blonder. Anderson betoande har ek in snoade sakefrou, en as aktiviste sette se har yn foar de beskerming fan bisten en oare saken.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Anderson waard yn 1967 berne yn Ladysmith, yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, as de dochter fan Barry Anderson, dy't syn gesin ûnderhold mei it reparearjen fan ûnen, en dy syn frou Carol, in húsfrou. Anderson har oerpake oan heitekant wie Juho Hyytiäinen, in etnyske Fin mei foar in part Roma-ôfstamming, dy't yn 1908 nei Kanada emigrearre út Saarijärvi yn it Gruthartochdom Finlân, dat doedestiden diel útmakke fan it Keizerryk Ruslân. By oankomst yn syn nije lân feroare er syn foar Kanadezen ûnútsprekbere efternamme yn 'Anderson'. Oan har memmekant is Anderson fan etnysk Russysk komôf.
By har berte stie Anderson yn 'e belangstelling fan 'e media as in centennial baby, mei't se berne wie op 1 july 1967, de centennial, oftewol it hûndertjierrich jubileum fan 'e oprjochting fan Kanada. As bern stie Anderson ferskate kearen bleat oan seksueel misbrûk, in feit dat se bekendmakke yn 2014. Se waard fan har sechsde oant har tsiende jier seksueel oantaast troch har (froulike) babysitter, waard op har tolfde ferkrêfte troch in 25-jierrige man, en waard doe't se fjirtjin jier wie it slachtoffer fan in groepsferkrêfting troch har doetiidske frijer en seis fan syn maten. Anderson folge fuortset ûnderwiis oan 'e École Highland Secondary School yn Comox, dêr't se lid wie fan it follybalteam. Nei't se yn 1985 slagge wie foar har eineksamens, ferfear se nei Vancouver, dêr't se wurk fûn as in fitnessynstruktrise.
Karriêre as neakenmodel Yn 1989 wenne Anderson in Kanadeesk fuotbal-wedstryd by fan 'e BC Lions yn it BC Place-stadion yn Vancouver, doe't se op it grutte skerm yn byld nommen waard wylst se in T-shirt mei it biermerk Labatt droech. Neitiid naam de brouwerij kontakt mei har op om har yn te hieren as offisjeel wurdfierster. Har doetiidske frijer Dan Ilicic makke in poster fan Anderson mei as titel Blue Zone Girl. Fan it iene kaam it oare, en sa stie Anderson as neakenmodel mei in fotoreportaazje yn it oktobernûmer fan 1989 fan it neakenblêd Playboy. Teffens pronke se op 'e omslach fan dy edysje.
Koarte tiid letter besleat se te ferhúzjen nei Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, om dêr in karriêre as glamourmodel nei te stribjen. Playboy keas har út as Playmate fan 'e moanne yn it nûmer fan febrewaris 1990, wêryn't se foar it earst op in centerfoldfoto pronke. Neitiid besleat Anderson om in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean, wêrby't se cupmaat 34D krige. Ferskate jierren letter soe se har boarsten nochris fergrutsje litte, ta cup 34DD. Anderson liet har noch gauris neaken fotografearje foar de Playboy, en fotoreportaazjes fan har waarden dêrnjonken yn ferskate spesjale útjeften fan Playboy publisearre.
Yn totaal besloech har karriêre as Playmate in perioade fan 22 jier, en se stie op mear omslaggen fan it blêd as lykfol hokker oar neakenmodel. Ek skreau se it wurd foarôf fan it coffee table book Playboy's Greatest Covers. Behalven foar de Playboy posearre Anderson ek neaken foar tydskriften as Stuff en GQ, en fierders stie se op 'e omslaggen fan moadeblêden as W, Marie Claire, Flare en Elle.
Karriêre as aktrise Nei't Anderson yn Los Angeles kommen wie te wenjen, krige se yn 1990 al rillegau in lyts roltsje yn in ôflevering fan 'e populêre komeedzjesearje Married… with Children, mei Ed O'Neill, Katey Sagal en Christina Applegate. Neitiid hie se ek gastroltsjes yn tillefyzjesearjes as Charles in Charge, Married People en Top of the Heap. Yn 1991 wie Anderson te sjen yn in twadde ôflevering fan Married… with Children, en datselde jiers bemachtige se in lytse weromkearende rol as Lisa, it oarspronklike "Tool Time-famke", yn 'e komeedzjesearje Home Improvement, mei Tim Allen. Nei twa seizoenen ferliet se dat programma yn 1993. Ek hie se yn 1992 in weromkearende rol yn in stikmannich ôfleverings fan 'e soapsearje Days of Our Lives.
De ynternasjonale trochbraak kaam foar Anderson doe't se yn 1992 cast waard yn 'e rol fan C.J. Parker yn 'e aksje-dramasearje Baywatch, mei û.o. David Hasselhoff en Yasmine Bleeth. Dêryn waard it wol en wee folge fan in team strânwachten oan 'e Kalifornyske kust by Malibu, wat in ferlechje bea om 'e fotosjenike Anderson op in sinnich strân omdrave te litten yn in lyts read badpakje. Dêrtroch groeide se út ta in ynternasjonaal sekssymboal. Se spile de rol fan C.J. fiif seizoenen lang, oant 1997, en wie dêrmei ien fan 'e langst tsjinjende leden fan 'e cast fan 'e searje. Se spile ek mei yn 'e tillefyzjefilm Baywatch: Forbidden Paradise (1995), dy't ûnderdiel útmakke fan seizoen 6. Jierren letter kroep se op 'e nij yn 'e hûd fan C.J. foar de tillefyzjefilm Baywatch: Hawaiian Wedding, dy't yn 2003 útkaam, en ek foar reklamespotsjes foar DirecTV út 2007.
Yn 1993 wie Anderson te sjen yn 'e fideoklip fan it nûmer Can't Have Your Cake, fan Vince Neil. Yn 1994 hie se foar it earst in grutte rol op it wite doek, yn 'e skriller Raw Justice (ek bekend as Good Cop, Bad Cop). Har bekendste filmprojekt, Barb Wire, út 1996, wie in mar lichtsjes bewale science fiction-remake fan 'e klassiker Casablanca. Har personaazje yn dy film hiet folút Barbara Rose Kopetski, en neitiid waard troch ferskate boarnen beweard dat dat Anderson har echte namme wie, wat net wier is. Barb Wire wie gjin kommersjeel súkses en Anderson wûn mei har optreden yn 1997 de Golden Raspberry Award foar minste nije stjer. Under de opnamen liet se in echte tatoeaazje fan in bân fan stikeltried om har lofterboppe-earm sette, sadat dy der net eltse dei troch de fisazjisten op ferve hoegde te wurden. Mei dy tatoeaazje rûn se tweintich jier mei om, oant se him yn 2016 fuorthelje liet.
Yn april 1997 presintearre Anderson in ôflevering fan 'e komyske sketchshow Saturday Night Live. Datselde jiers hie se in gastrol yn twa ôfleverings fan 'e komeedzjesearje The Nanny, as Heather Biblow, de rivale fan haadpersoan Fran Fine (spile troch Fran Drescher). Begjinnend yn septimber 1998 kearde Anderson mei in eigen searje werom op 'e tillefyzje, dêr't se sels ien fan de filmprodusinten fan wie. Diskear spile se de rol fan Vallery Irons, de eigneresse fan in buro dat liifwachten ferhierd, yn 'e aksjekomeedzjesearje V.I.P., mei as tsjinspylsters Natalie Raitano en Molly Culver. It fermingen fan aksje en humor yn in tillefyzjesearje besteande út aventoeren dy't mei faasje yn byld brocht waarden, bliek in resept foar súkses, en de searje rûn fjouwer seizoenen lang, oant 2002. Yn 1999 wie Anderson te sjen as in manljusslinende reuzinne yn 'e fideoklip fan it nûmer Miserable fan 'e rockband Lit. As stimaktrise wurke Anderson yn 1999 mei oan twa ôfleverings fan 'e tekenfilmsearje Futurama, en fan 2003 oant 2004 hie se de haadrol yn har eigen tekenfilmsearje, Stripperella, as Stripperella oftewol Erotica Jones.
Nei 2000 hie Anderson gastrollen yn ôfleverings fan ferskate searjes, wêrûnder Just Shoot Me!, King of the Hill, Less than Perfect en 8 Simple Rules. Yn 2003 presintearre se tegearre mei countrysjonger Toby Keith de útrikkingsseremoanje fan 'e CMT Music Awards. Datselde jiers liet Sam Newman yn it Australyske St Kilda troch arsjitekte Cassandra Fahey in gebou, it Sam Newman House, sette, wêrby't de foargevel foar in grut part bestiet út in ôfbylding fan it gesicht fan Pamela Anderson. Newman brûkte de ôfbylding mei goedkarring fan Anderson, mar hie syn boufergunnings net op oarder. Dy waarden lykwols mei weromwurkjende krêft letter noch takend doe't bliken die dat it Sam Newman House in trekpleister wie dy't toeristen nei St Kilda ta helle, wylst it gebou de Victorian Architecture Award yn 'e kategory bêste nije wente wûn, dy't útrikt waard troch it Keninklik Australysk Ynstitút foar Arsjitekten (RAIA).
Yn april 2005 sette Anderson útein mei de komeedzjesearje Stacked, op 'e tillefyzjestjoerder Fox. Se hie dêryn de rol fan Skyler Dayton, in pierewaaiende partygirl dy't in baan kriget yn in boekhannel. De titel, dy't letterlik "Opsteapele" betsjut, mar yn 'e Amerikaansk-Ingelske sprektaal ek ferwize kin nei froulju mei grutte boarsten, is in wurdboarterij dy't sawol op 'e boeken as op Anderson sels sloech. De searje waard lykwols nei twa seizoenen, yn 2006, al stopset omreden dan ôffallende sjochsifers. Op 14 augustus 2005 wurke Anderson mei oan The Comedy Central Roast of Pamela Anderson, wêryn't se wiidweidich op 'e hak nommen waard troch de oanwêzige komiken. Yn desimber 2005 fierde Anderson in pealdûns út boppe-op 'e piano fan sjonger Elton John, wylst dyselde it nûmer The Bitch is Back spile. Op 'e Amerikaanske stjoerder NBC gie healwei de útstjoering fan dat barren it byld op swart, om't (neffens NBC) "it byldmateriaal ûnfoechsum wie foar primetime."
Yn maart 2006 krige Anderson har eigen stjer op Canada's Walk of Fame. In moanne letter presintearre se as earste persoan dy't gjin sjonger of muzikant wie de útrikkingsseremoanje fan 'e Kanadeeske Juno Awards. Datselde jiers wurke se mei oan 'e mockumentary Borat, fan Sasha Baron Cohen, wêryn't Cohen yn 'e titelrol út Kazachstan nei de Feriene Steaten emigrearret, dêr obsedearre rekket troch Pamela Anderson, en (mislearjende) plannen makket om har te ûntfieren en mei har te trouwen. Op 13 en 14 febrewaris fierde Anderson yn it Crazy Horse-kabaret yn Parys in striptease op ta gelegenheid fan Falentynsdei. Letter dat jiers spile Anderson de ûnsichtbere frou yn Superhero Movie en in dom blondsje yn Blonde and Blonder. By dy lêste film wie se ek as útfierend produsinte belutsen. Ek wie se yn 2008 te sjen yn 'e searje Pam: Girl on the Loose!, op 'e stjoerder E!
Yn desimber 2009 stie Anderson yn Londen op 'e planken as de geast út 'e lampe yn it toanielstik Aladdin. Dy rol naam se oer fan 'e Amerikaanske komédiënne Ruby Wax. Yn 2010 spile se yn 'e koarte film The Commuter Julia. Fierders hie se yn 2017 in lytse cameo oan 'e ein fan 'e film Baywatch, basearre op 'e searje út 'e 1990-er jierren, wêryn't har âlde rol fan C.J. Parker fertolke waard troch aktrise Kelly Rohrbach.
Karriêre as realitystjer Fan 'e ein fan 'e 2000-er jierren ôf wurke Anderson mei oan frijwat realitytillefyzjeprogramma's yn ferskate lannen. Dat begûn yn 2008, doe't se te sjen wie yn 'e Australyske edysje fan Big Brother. Yn novimber 2010 wurke se as spesjale gast mei oan seizoen 4 fan Bigg Boss, de Yndiaaske ferzje fan Big Brother. Dêrby ferbleau se fiif dagen yn it Big Brother-hûs, wêrfoar't nei't it skynt ₹25.000.000 (likernôch $550.000) betelle krige. In jier letter, yn septimber 2011, naam Anderson diel oan it tolfde seizoen fan 'e Britske edysje fan Big Brother. Noch wer in jier letter, yn septimber 2012, besocht Anderson trije dagen lang as spesjale gast it hûs yn VIP Brother, de Bulgaarske Big Brother-edysje foar bekende persoanen. En yn 2013 wie se te gast yn it hûs fan 'e Dútske edysje Promi Big Brother, dêr't har âld-Baywatch-kollega David Hasselhoff in wike earder ek oan meidien hie.