thumb|240px|Maureen O'Hara en Tyrone Power yn De Swarte Swaan, 1942 Maureen FitzSimons (Millwall (Dublin, Ierlân), 17 augustus 1920 - Boise, 24 oktober 2015) wie in Iersk filmaktrise.
Har mem wie sjongster en dûnseres. Sels wurke se al op har tolfde as omropster by de radio. O'Hara hie sels ek in moaie sopraan, mar de filmyndustry hat dêr nea wat mei dwaan wollen.
Sy spriek floeiend Iersk-Gaelysk en dat hat hja ek brûkt yn de films The Long Gray Line, The Quiet Man en Only the Lonely.
De Ingelske akteur Charles Laughton wie tige ynnommen troch O'Hara en hat har stipe yn it begjin fan har karriêre. Letter is hja Laughton folge nei Amerika en yn 1946 is sy in natueralisearre Amerikaansk steatsboarger wurden. Sy waard in Hollywood-ikoan en op it hichtepunt fan har karriêre waard sy beskôge as ien fan de kreaste froulju yn 'e wrâld.
De readhierige O'Hara foel op troch it spyljen fan hertstochtlike heldinnen op in tige gefoelige wize. Sy hat in soad wurke mei de Amerikaanske regisseur John Ford en wie in libben lang befreone mei John Wayne. De gemy op it wyte doek mei Wayne wie grut. Hja hawwe yn fiif films meiinoar spile: Rio Grande, The Quiet Man, The Wings of Eagles, McLintock! and Big Jake.
Maureen O'Hara rekke wei yn 2015 yn de âldens fan 95 jier, thús yn Boise. Sy waard beïerdige op Arlington National Cemetery.
Filmografy Jier Titel Rol1938 Kicking the Moon Around Sekretaresse My Irish Molly Eileen O'Shea1939 Jamaica Inn Mary Yellen The Hunchback of Notre Dame Esmeralda 1940 Dance, Girl, Dance Judy O'Brien 1941 They Met in Argentina Lolita O'Shea How Green Was My Valley Angharad 1942 To the Shores of Tripoli Mary Carter Ten Gentlemen from West Point Carolyn Bainbridge The Black Swan Lady Margaret Denby 1943 Immortal Sergeant Valentine Lee This Land Is Mine Louise Martin The Fallen Sparrow Toni Donne 1944 Buffalo Bill Louisa Frederici Cody 1945 The Spanish Main Grevinne Francesca 1946 Sentimental Journey Julie Beck / Weatherly Do You Love Me Katherine "Kitten" Hilliard 1947 Sinbad the Sailor Shireen The Homestretch Leslie Hale Miracle on 34th Street Doris Walker The Foxes of Harrow Odalie "Lilli" D'Arceneaux 1948 Sitting Pretty Tacey King 1949 A Woman's Secret Marian Washburn The Affairs of Adelaide(U.K. title: Britannia Mews) Adelaide "Addie" Culver Father was a Fullback Elizabeth Cooper Bagdad Prinses Marjan 1950 Comanche Territory Katie Howard Tripoli Grevin D'Arneau Rio Grande Mrs. Kathleen Yorke 1951 Flame of Araby Prinses Tanya 1952 At Sword's Point Claire Kangaroo Dell McGuire The Quiet Man Mary Kate Danaher Against All Flags Prudence "Spitfire" Stevens 1953 The Redhead from Wyoming Kate Maxwell War Arrow Elaine Corwin 1954 Malaga Joanna Dana 1955 The Long Gray Line Mary O'Donnell The Magnificent Matador Karen Harrison Lady Godiva of Coventry Lady Godiva 1956 Lisbon Sylvia Merrill Everything But the Truth Joan Madison 1957 The Wings of Eagles Min Wead 1959 Our Man in Havana Beatrice Severn 1961 The Deadly Companions Kit Tilden The Parent Trap Margaret "Maggie" McKendrick 1962 Mr. Hobbs Takes a Vacation Peggy Hobbs 1963 Spencer's Mountain Olivia Spencer McLintock! Katherine Gilhooley McLintock 1965 The Battle of the Villa Fiorita Moira 1966 The Rare Breed Martha Price 1970 How Do I Love Thee? Elsie Waltz 1971 Big Jake Martha McCandles 1991 Only the Lonely Rose Muldoon 1994 A Century of Cinema Hársels
Keppeling om utens Foto's fan Maureen O'Hara Maureen O'Hara Magazine
Kategory:Iersk filmakteur Kategory:Iersk toanielakteur Kategory:Iersk autobiograaf Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk toanielakteur Kategory:Amerikaansk autobiograaf Kategory:Eare-Oscar-winner Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1920 Kategory:Persoan stoarn yn 2015