thumb|left|Campert kriget de P.C. Hooft-priis 1976 fan minister Gardeniers Remco Wouter Campert (De Haach, 28 july 1929 - Amsterdam, 3 july 2022) wie in Nederlânsk dichter en skriuwer fan ferhalen en romans. Hy makke diel út fan de literêre streaming Fyftigers. Yn maart 2018 makke er buorkundich op te hâlden mei it skriuwen fan romans en kollumns. Ut en troch skreau er noch wol 'notities' foar de Volkskrant.
Remco Campert ferstoar yn syn sliep yn 'e nacht fan 3 op 4 july 2022 yn de âldens fan 92 jier.
Priveelibben Syn heit wie de dichter Jan Campert, auteur fan ûnder oare it gedicht Het lied der achttien dooden. Syn mem wie aktrise Joekie Broedelet, ûnder oare bekend fan de gastrollen dy 't se op lettere leeftiid spile by Van Kooten en De Bie. Sy giene útinoar doe 't Campert trije jier wie, wêrnei't Remco Campert ôfwikseljend by ien fan harren en by syn pake en beppe wenne, oant er yn 1942 ûnderbrocht waard by in pleechgesin. Doe't de wyk wêryn't se wennen troch de Dútsers ôfbrutsen waard, gie de húshâlding nei Epe, dêr't Campert de MULO besocht. It wie ek yn Epe dêr't er yn 1943 hearde dat syn heit op 40-jierrige leeftiid yn it konsintraasjekamp Neuengamme ferstoarn wie. Nei de oarloch gie er mei syn mem yn Amsterdam wenjen en folge dêr it gymnasium oan it Amsterdamsk Lyceum, mar makke dizze skoalle net ôf.
Bibliografy Proaza
Poëzij
Literêre prizen 1953 - Reina Prinsen Geerligspriis foar Berchtesgaden 1955 - Poëzypriis fan de gemeente Amsterdam foar Gedicht met een moraal 1956 - Jan Campertpriis foar Met man en muis en Het huis waarin ik woonde 1958 - Anne Frank-priis foar Vogels vliegen toch 1959 - Proazapriis fan de gemeente Amsterdam foar De jongen met het mes 1960 - Priis fan de Amsterdamske Keunstried foar De jongen met het mes 1976 - P.C. Hooft-priis foar hiel syn poëtysk oeuvre 1987 - Cestoda-priis 2011 - Gouden Ganzenveer 2014 - Gouden Schrijfmachine 2015 - Prijs der Nederlandse Letteren
Keppeling om utens Campert by de DBNL Skriuwersynfo.nl Remco Campert, ynterviews op PIW
Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk essayist Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk tekstskriuwer Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk republikein Kategory:Persoan berne yn 1929