180px|thumb|right|Jean-Martin Charcot yn it borduere unifoarm fan de Académie des sciences. Hy draacht syn Legioen fan Eare thumb|left|180px|Jean-Martin Charcot (1825 - 1893) yn in les mei in ferneamde hystearyske pasjinte, Blanche Wittmann, yn it Hôpital de la Salpêtrière. thumb|180px|Tekening fan Charcot fan in Parkisonpasjint, makke op in reis nei Marokko Jean-Martin Charcot (Parys, 29 novimber 1825 - Morvan, 16 augustus 1893) wie in Franske arts dy't beskôge wurdt as ien fan de grûnlizzers fan de neurology.
Yn 't earstoan wie Charcot sikehûsarts mei niget oan senuwsyktes; hy makke it oannimlik dat multiple skleroaze en de sykte fan Parkinson ferskillende syktes wiene. Letter die er ek ûndersyk nei hystearje, dêr't er ûnder oaren hypnoaze foar tapaste. Sa waard Charcot nei syn dea fan ynfloed op de psychiatry en psycho-analyze. In protte fan Charcots kennis waard nammentlik oernommen troch syn studint Sigmund Freud. Ek Alfred Binet, Joseph Babinski en Georges Gilles de la Tourette studearren by Charcot.
Keunst yn it ûnderwiis Charcot beskôge keunstich byldmateriaal fan grut belang foar it klinysk anatomysk ûnderrjocht. Hy brûkte faak foto's en tekeningen yn syn lessen en by lêzings, faak wienen dy makke troch himsels of troch syn studinten. Bûten it wurk om mocht Charcot ek graach tekenje.
Persoanlik "Hy boaske oan in begoedige widdo, Madame Durvis, yn 1862 en krige twa bern, Jeanne en Jean-Baptiste. De lêste waard letter dokter en in ferneamd poalûndersiker".Tan SY, Shigaki D., Jean-Martin Charcot (1825-1893): pathologist who shaped modern neurology yn Singapore Med J, maaie 2007 hjir
Publikaasjes Sur les divers états nerveux déterminés par l'hypnotisation chez les hystériques, 1882 Leçons sur les maladies du système nerveux, 1885-1887 Mei Paul Richer, Les Démoniaques dans l'art, Delahaye et Lecrosnier, 1887 Mei Paul Richer, Les Difformes et les Malades dans l'art, Lecrosnier et Babé, 1889 La foi qui guérit, Félix Alcan, Paris, 1897 Tekst on line
Keppeling om utens Fonds historique Jean-Martin Charcot Charcot's kolleezjes oer syktes fan it brein en senuwstelsel
Kategory:Frânsk neurolooch Kategory:Frânsk psycholooch Kategory:Frânsk dokter Kategory:Persoan berne yn 1825 Kategory:Persoan stoarn yn 1893