Foarfallen 11-14 juny - Yn it ramt fan 'e Twadde Ingelske Oarloch boekt de Steatske float ûnder Michiel de Ruyter in nipte oerwinning yn 'e Fjouwerdeiske Seeslach tsjin 'e Ingelsen. 4-5 augustus - Yn it ramt fan 'e Twadde Ingelske Oarloch wurdt de Steatske float troch de Ingelsen ferslein yn 'e Twadeiske Seeslach. 13 augustus - De Steatske admiraal Cornelis Tromp wurdt ûntslein fanwegen ynsubordinaasje. Hy wie in treflik floatfâd, mar kaam der iepentlik foar út dat er in Oranjeman wie. 19 augustus - De Ingelske skout-by-nacht Robert Holmes fart it Fly op en tebaarnt 150 skippen op 'e rede fan Skylge. 20 augustus - De Ingelske skout-by-nacht Robert Holmes lit it doarp West-Skylge plonderje en platbaarne; hast 300 huzen geane yn flammen op en 2.000 minsken komme om. Dit foarfal giet de skiednis yn as de Ramp fan 1666. 2-6 septimber - De Grutte Brân fan Londen: de Ingelske haadstêd Londen brânt frijwol folslein ôf. Op Skylge wurdt dit as in straf fan God beskôge. sûnder datum - De Ingelske natuerkundige Isaac Newton ûntdekt de Wet fan de Swiertekrêft.
Berne 16 augustus - Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau, regintesse fan Fryslân, Grinslân en Drinte († 1726) 6 septimber - tsaar Ivan V fan Ruslân († 1696) 17 oktober - Elizabeth Huber-De Hertoghe, Frysk regintefrou († 1751) 17 oktober - Jehan Willem fan Saksen-Eisenach, Dútsk ealman, skoansoan fan Willem Freark fan Nassau-Dietz († 1729) thumb|100px|right|Tsjerk Hiddes troch W.F. Bloem
Ferstoarn 6 augustus - Tsjerk Hiddes de Vries, Frysk admiraal en seeheld (* 1622) 26 augustus - Frans Hals, Flaamsk-Nederlânsk keunstskilder (* 1583) datum ûnbekend Gysbert Japiks, Frysk skriuwer en dichter (* 1603)
Literatuer toaniel Molière, Le Misanthrope (oerset yn it Frysk as In Fijân fan Minsken)
Kategory:17e iuw