Feanwâlden is in doarp dat yn de gemeente Dantumadiel leit. Feanwâlden leit noardlik fan Noardburgum, noardeastlik fan Hurdegaryp, súdwestlik fan De Westerein en besuden De Falom. Feanwâlden hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners. De doarpskearn fan Feanwâlden leit benammen oan de Oastein, Haadstrjitte, Stinswei en Suderwei.

It buorskip Kûkherne (lyts diel) en in diel fan it doarp (sûnt 2011) Feanwâldsterwâl heart ek by Feanwâlden.

Skiednis Ut archeologyske fynsten is dúdlik woarn dat der al yn de Stientiid minsklike aktiviteit wie yn de omkriten fan Feanwâlden. Der binne in soad pylkpunten, fjoerstienmateriaal ensfh. fûn.

Ierste skiednis Feanwâlden is ûntstien út twa doarpen: Eslawâld (earste fermelding 1387) en Jehanneswâld (earste fermelding yn 1372). Beide doarpen leinen op in hege sânkop. Yn it lânskip binne noch inkele terpen sichtber dêr't út opmakke wurde kin dat der wat bewenning wie foardat begûn waard mei it oanlizzen fan diken. Doe't úteinlik yn de 11e iuw diken oanlein waarden, kaam it omlizzende lân mei heechfean en leechfean drûch te lizzen. Dat waard yn de iuwen dêrnei ôfgroeven.

Eslawâld en Jehanneswâld hienen elts in eigen tsjerke. De beide plakken binne nei alle gedachten groeid nei de bediking; Eslawâld grif as earste. Twa parochy's op lytse ôfstân (ûngefear in kilometer) fan elkoar wienen yn dy tiid net libbensfetber. Jehanneswâld sil in oerwicht krigen hawwe troch de bou fan de Skierstins om 1300 hinne. Dat is it ienige oerbleaune stienhûs fan Fryslân; in gebou is relatearre is oan de behearsking en beskerming fan in gebiet dat fan grut ekonomysk belang wie. thumb|250px|left|De skierstins neffens Jakobus Stellingwerf (1724) It kleaster Klaarkamp waard de wichtichste machtsfaktor yn Feanwâlden; al hielendal om't dy yn 1439 de Skierstins oankocht. Der binne oanwizings dat Eslawâld ynearsten ûnder kleaster Mariëngaarde foel en pas letter ûnder ynfloed fan Klaarkamp komd is. Der soe dus in soarte machtsstriid tusken de beide kleasters west hawwe kinne om grûn en turf. Eslawâld ferdwûn tusken 1450-1500 as selsstannige parochy. It sintrum fan Feanwâlden kaam te lizzen yn Jehanneswâld wylst it eardere Eslawâld (tsjintwurdich 'de Hoek') in úthoeke fan it doarp waard. De tsjerke fan Eslawâld stoartte begjin 17e iuw yn. Oant nei 1800 wienen der begraffenissen op it tsjerkhôf fan it eardere doarp. Yn 1875 waard de grûn fan it Alde Tsjerkhôf ferkocht oan partikulieren.

Sûnt begjin 16e iuw waarden beide doarpsnammen gearfoege ta de mienskiplike namme 'Feenwold', letter Feanwâlden. It is de ienige plaknamme dy't einiget op –wâlden ynstee fan –wâld(e). Dat meartal hat te krijen mei it feit dat it ûntstien is út twa doarpen.

Lykas earder skreaun wie de macht fan it katolike kleaster tige grut yn Feanwâlden. De leauwensoertsjûging fan katolyk nei protestant (reformaasje) sil dan ek grutte gefolgen hân hawwe foar it doarp. Yn geskriften út 1549 is trouwens beskreaun dat der in 'ketterske' pastoar yn Feanwâlden wie. De lêste katolike pastoar waard fermeld yn 1580. Yn dat jier waarden alle roomske besittings konfiskearre, wêrûnder de úthof Skierstins yn Feanwâlden (dy kaam fan 1609-1916 yn hannen fan partikulieren). It lânbesit fan de kleasters waard by opbod ferkocht.

Ut folkstellingen út 1749 en 1829 kin in goede ynventarisaasje makke wurde fan de ferskillende beroppen yn Feanwâlden. Dêrút falt op te meitsjen dat it persintaazje arbeiders (ûngefear 45%) itselde bleaun is. Dêrneist is it oantal fan de boeren en feanbazen yn de tuskentiid bot sakke, wylst it oantal middenstanders en skippers/fiskers krekt mear waard. Ek docht út de folkstelling bliken dat yn 1829 goed 60% fan de befolking yn Feanwâlden berne is en dat in soad ôfkomstich binne út de súdlike buordoarpen Burgum en Hurdegaryp. Mear as 90% fan de doarpelingen is yn dat jiertal protestantsk.

Namme De namme "Feanwâlden" is de iennige plaknamme mei in 'n' efter "wâlde". It plak is earder ûntstien út de plakken Johanneswâld en Eslawâld. Jehanneswâld lei wêr't de Jehannestsjerke en de Skierstins no steane en Eslawâld moat krekt benoarden it hjoeddeiske Feanwâldsterwâl lein hawwe.thumb|260px|Filla El Dorado thumb|260px|Buorren De Haven De ûntginningsaktiviteit en turfwinning yn de midsiuwen wie oanlieding om fearten en sleaten oan te lizzen yn de rjochting fan Feanwâlden. Dy stienen yn ferbining mei de noardliker lizzende wetters, bygelyks de hjoeddeiske Lauwersmar, of mear nei it suden de Burgumer Mar en yn earder tiden oer dy wetters ek mei it kleaster Klaarkamp. De ienige feart dy't no noch befarber is, is de útgroeven Feanwâldster Feart.

Oan beide kanten fan de feart (de strjitten de Finnen en de Haven) wie eartiids in soad aktiviteit en stienen in soad huzen. Boppedat wie der in helling en yn de haven leinen skûtsjes, tsjalken en oare binnenfeartskippen, dy't fracht ferfierden nei oare plakken. Der waard strie en reid, mar benammen turf ferfierd. Sûnt ûngefear 1900 ek sûkerei. Nei de Twadde Wrâldoarloch rekken de havens geandewei har funksje kwyt. Tsjintwurdich lizze der allinnich noch plezierboatsjes.

Stasjon, trein en tram Yn 1866 krige Feanwâlden in treinstasjon oan it spoar Grins-Ljouwert. It jier dêrop waard foar it stasjon oer it sjike stasjonskofjehûs ‘’villa Schoonoord’’ boud. Dit bleau bestean oant 1947. It treinstasjon is meardere kearen ferboud en útwreide. Om de hege ûnderhâldskosten waard yn 1972-1973 it âlde stasjonsgebou ferfongen troch in moderner en geryfliker stasjonsgebou.

Yn 1880 kwam op inisjatyf fan de NTM de earste tramrûte fan Fryslân klear: Feanwâlden-Dokkum. De tramraljes waarden yn Feanwâlden oanlein oer de tsjintwurdige Stinswei, Haadstrjitte en Eastein. In herberch waard omboud ta in mânsk stasjon, dêr't in hotel en it regionale kantoar fan de NTM yn sieten. Tusken it treinspoar en it tramstasjon lei in ranzjearstasjon foar de trams. Yn 1881 waard in twadde tramspoar Feanwâlden-Burgum oanlein. Ek waarden meardere tramraljes oanlein foar it treinstasjon, sadat beide ferfiermiddels goed op inoar oan slueten. Earst wie op beide linen in hynstetram oanwêzich, nei 1913 (Feanwâlden-Drachten) en 1926 (Feanwâlden-Dokkum) waarden dy ferfongen troch de stoomtram. Noch wer letter kaam de motortram. Troch de hieltiten effisjinter wurdende bussen koe de tram de konkurrinsje net mear oan. Op 5 oktober 1947 ried de lêste tram út Feanwâlden. It eartiidske tramstasjon wie troch de eigener, de famylje Popma, omboud ta restaurant. Yn 1969 moast it gebou plakmeitsje foar de Rûnwei en is doe ôfbrutsen. In nij restaurant mei deselde namme waard inkele tsientallen meters fierderop boud. Bûterfabryk Freia en feemerk

thumb|260px|Freia N.V.

Suvelpionier Mindert Bokma de Boer fêstige him yn 1874 te Feanwâlden. Hy kaam te wenjen yn de toch him sels boude grutte filla "El Dorado" oan de Suderwei. Yn de jierren dêrnei boude hy it bûterfabryk Freia efter syn hûs, dat iepene waard yn 1879. Dat wie it earste bûterfabryk yn Fryslân. Nei in dreech begjin ferkocht Bokma de Boer it fabryk al nei trije jier. Yn de desennia dêrnei waard it fabryk tige winstjouwend. Ek de âlde feemerk fan Feanwâlden profitearre fan it fabryk. Ut sifers docht bliken dat de merk nei 1880 hurd groeide. Op de hjerstmerk fan topjier 1886 waarden bygelyks yn totaal 2250 stiks fee ferhannele. De merk hâlde op te bestean yn 1921. De namme fan de feemerk libbet tsjintwurdich troch yn it koartlyn boude winkelsintrum "de Koemarkt", dat op itselde steed stiet as dêr't de merk hâlden waard.

De fabrykspiip fan Freia stuts mei syn 50 meter boppe it hiele doarp út. It joech wurkgelegenheid oan maksimaal sechtich man. Yn 1970 gie it fabryk ticht. Der hawwe lang plannen west om der in museum fan te meitsjen, mar yn 1991 waard it gedieltlik oerbrocht nei it Iepenloftmuseum Arnhim. Yn Feanwâlden stie it fabryk op it plak dêr't no de Freiahôf is.

Wettertoer Yn 1925 waard opdracht jûn ta de bou fan in wettertoer, oan de tsjintwurdige Wettertoerwei. It wetter waard dêr oppompt, suvere en troch in parslieding transportearre nei Ljouwert. De masines wurken op stoomkrêft en doe't it stoomtiidrek foarby wie, rekke de toer syn funksje kwyt. Yn 1957 waard de wettertoer dêrom ôfbrutsen.

De Sanjes Krekt bûten Feanwâlden lei eartiids in iepenloftswimbad: de Nije Sanjes. Dat bestie út twa baden. It waard oanlein yn it begjin fan de twadde helte fan de tweintichste iuw. Om 1990 hinne is it swimbad sloopt.

Op itselde plak as dêr't it eardere swimbad stie, is nei 1998 on boarterspark komd, oprjochte troch de hear Visbeek út Rinsumageast. Dat is it grutste boarterspark fan Fryslân en hjit SanjesFertier. In pear jier letter is dêrneist noch in amusemintspark, Sanjesplezier, iepene. Offisjeel falt de Sanjes ûnder de Westereen, mar himelsbreed leit it tichter by Feanwâlden. It âlde swimbad foel wol altiten ûnder Feanwâlden.

Nijbou Oant de 19e iuw bestie it doarp benammen út in lintbebouwing fan de Hoeke, Achterwei, Haadstrjitte en it Eastein. Fierders wie der noch wat bewenning by de Haven, it stasjon en oan de súdlik lizzende doarpsgrins de Swette. Yn de 20e iuw is it oantal wenten yn Feanwâlden hurd groeid. Yn de jierren ’20 en ’30 waard it Bûtefjild oanmakke. Foarhinne wie dit sompich gebiet. Troch it oanmeitsjen kaam der hûnderten hektaren greide foar tsientallen boeren by. Yn 1934 waarden de Falkenawei en Nijewei oanlein. Yn de jierren ’50 waarden strjitten oanlein besuden de buorren. De strjitten waarden ûnder oare ferneamd nei yn de Twadde Wrâldoarloch fallen doarpsgenoaten lykas Johannes Prins. Om 1967 waard de Fûgelbuert foltôge yn it easten fan Feanwâlden. Dat binne rychjeshuzen. Yn de jierren ’70 waard de beammebuert yn it noarden fan Feanwâlden boud. Dat binne benammen rychjeshuzen. Fan de jierren '70 ôf waard begûn mei de oanlis en ynrjochting fan it yndustryterrein fan Feanwâlden yn it suden. Yn de fjouwer desennia dêrnei is it gebiet foar it meastepart folboud. Yn 1982 waard troch prins Bernhard it Tichelkamp yn it westen fan it doarp iepene. Dat is in wyk mei frijsteande huzen. De strjitten krigen nammen fan loftfeartpioniers. Tagelyk waard de sporthal Hoantserid mei byhearrende sportfjilden iepene oan de eastkant fan it doarp. Ein jierren ’90 waard in nijbouwyk yn it noardwesten boud. Dy wurdt yn de folksmûle it nije plan neamd. Dêr steane frijsteande en twa-ûnder-ien-kape wenten.

Feanwâlden hat altyd yn sawol de gritenij as de gemeente Dantumadiel lein.

Doarpswapen Beskriuwing: Yn goud in toer fan keel, dekt fan azuer, mei in tichte poarte en fiif finsters, yn de boppeste skyldhoeken mei in elzeblêd fan sinopel; en in skylfoet skeake fan sulver en sabel fan fiif rigen fan sân balken.

It wapen is basearre op de namme fan it doarp. De skyldfoet ferwiist nei it fean (lykas eartiids yn de eardere wapens fan de feanpolders). De stins stiet foar de bekende Skierstins. De elzeblêden stean foar de Fryske Wâlden yn dit diel fan Eastergoa yn de oergong nei feangebieten oan de noardkant fan it doarp. Foar it oantal fan twa is keazen, omt Feanwâlden gearstald is út de eardere doarpkes Eslawâld en Johanneswâld. It gehiel yn de kleuren fan it gemeentewapen.

Mienskip It doarpshûs hjit 'De Mienskip'. It multyfunksjoneel sintrum yn Feanwâlden wie in stapke tichterby kaam troch de oankeap fan de âlde drogisterij yn de Haadstrjitte. Der wurdt al jierren neitocht oer de bou fan in multyfunksjoneel sintrum, mar yn 2022 is dat noch jimmeroan sa.Omrop Fryslân, 9 juny 2022 It doarpskrantsje Doarpskompas fan de Feriening Doarpsbelangen wurdt yn eigen behear fersoarge en besoarge yn Feanwâlden, Feanwâldsterwâl, Bûtefjild en Kûkherne. Tsjerken Feanwâlden hat yn 2009 fjouwer tsjerkegenoatskippen (PKN, Menisten, Kristlik Grifformearden en Ald Grifformearden) en fiif tsjerkegebouwen.

Jehannestsjerke thumb|260px|Jehannestsjerke