thumb|right|300px|Varadinum (Oradea) op in gravuere út 1617 troch Braun & Hogenberg Oradea (Hongaarsk:Nagyvárad, Dútsk:Grosswardein) is in stêd yn Roemeenje, yn Transilvaanje, ticht by de grins mei Hongarije. De stêd is it haadplak fan it distrikt (judeţ) Bihor. Oradea is ien fan de woltierigste stêden fan Roemeenje.
Befolking Jier Ynwennertal % Roemenen % Hongaren 1538 20.000 (rûsd) - - 1720 216 (Türken, Griechen, Serben) n.a. n.a. 1787 9790 - - 1870 28.698 - - 1880 34.231 4 % 87 % 1890 42.042 6 % 90 % 1900 54.109 6 % 90 % 1910 68.960 5 % 91 % 1920 73.025 12 % 62 % 1930 88.830 25 % 54 % 1941 98.621 5 % 92 % 1956 99.663 36 % 59 % 1966 122.534 46 % 51 % 1977 170.531 54 % 44 % 1992 222.741 65 % 33 % 2002 206.614 70 % 28 % 2009 204.477 2011 196.367 68 % 23 %
Etnyske groepen yn 2002 Yn Oradea wenje njonken Roemenen in tal etnyske minderheden. Benammen de Hongaarske minderheid is fan betsjutting. In folkstelling yn 2002 jout it neikommende byld (de lytste minderheden binne net meinaam):
Roemenen 70,4% Hongaren 27,5% Roma 1,2% Dútsers 0,3% Slowaken 0,2%
Polityk De gemeenteried fan Oradea bestiet sûnt de ferkiezings fan 2012 út de neifolgjende fiif partijen:
Partidul Național Liberal, 11 sitten Partidul Social Democrat, 6 sitten Uniunea Democrată Maghiară din România, 6 sitten Partidul Democrat Liberal, 3 sitten Partidul Conservator, 1 sit
Underwiis Oradea hat mear as ien universiteit. De grutste is de Universiteit fan Oradea. Fierders is er de Hongaarsktalige Partiumi Keresztény Egyetem (Kristlike Universiteit fan Partium), in Baptisten-Universiteit en de Agora Universiteit.
Keppelings om utens Oradea toerisme Webstee fan Oradea Webstee foar Oradea
Kategory:Plak yn Roemeenje